Hiteloftballon
De hiteloftballon is in transportmiddel wêrmei't in koer, dy't plak jout oan passazjiers en guod, opstiicht hingjend oan in ballon dy't lichter is as lucht. It gehiel beweecht him troch de wyn.
[bewurkje seksje] De skiednis fan de loftballon.
De datum wie 21 novimber 1783 yn Parys, twa manlju dy't skiednis skriuwe soene: Marquis D’arlandes en Pilatre de Rozier. De alderearste ballon wie boud troch de bruorren Montgolfier. Om farre te kinnen wie in echt fjoer nedich. Der wurdt sein dat de Markys boppe Parys de rivier de Seine siet te besjen doe't syn kollega sei: Asto dy rivier sa sitst te besjen, dan kinne wy deryn baaie. Fjoer myn maat, wat fjoer.
De hiteloftballon hat net lang fan de roem genietsje kind. Alve dagen nei de histoaryske feart wurdt der in oar soarte ballon demonstrearre. In ballon dy't wetterstofgas brûkte om omheech te kommen. Dit wie folle simpeler. Twa ieuwen lang bliuwt de hiteloftballon in seldsum ferskynsel. Oant de jierren 50, doe't yn de Feriene Steaten in hiteloftballon boud waard as ûnderdiel fan in ûndersyksprojekt. Se brûkten folle modernere stoffen as de ballon fan de bruorren Montgolfier.
De earste ballonfeart yn Nederlân wie op 12 july 1785. De piloat wie Blanchard. De ballon stiigde op fanút Paleis Noardein yn Den Haach. By de landing in Sânhuzen waard de ballon lek pjukt troch lilke boeren.
De earste ballonfeart yn Nederlân troch in Nederlander wie op 29 septimber 1804 troch de Haarlimske fabrikant en ynstrumintmakker Abraham Hopman. Syn earste besykjen mislearre dat doe krige hy de bynamme Abraham Foman.
Op 11 augustus 1978 waard de Atlantyske Oseaan yn 6 dagen mei in hiteloftballon oerstutsen. Yn dy 6 dagen is mear as 5000 kilometer ôflein.
[bewurkje seksje] De ballon.
Hiteloftballonnen meitsje gebrûk fan hjitte loft dy't opstiicht. It stigen komt trochdat de loft waarm wurdt en útset en as gefolch dêrfan wurdt it lichter as de omjouwende loft. As't der genôch waarmte fêsthâlden wurdt giet de ballon omheech. As de loft wer ôfkuollet dan sakket de ballon wer stadichoan nei ûnderen ta.
In hiteloftballon is makke fan ripstof Nylon. Dizze stof is spesjaal weefd mei oeral fersterke triedden om te foarkommen dat de stof skuort. De stof is licht yn gewicht en is te krijen yn alle kleuren. De stof kin temperatueren wjerstean fan wol mear as 120 graden. Dat is hjitter dan koaitsjend wetter.
De ballon sels wurdt enveloppe neamd. Dizze enveloppe hat twa grutte iepeningen. Ien oan de boppekant en ien oan de ûnderkant. De iepening oan de boppekant is in soarte skoarstien om de hite loft ôf te fieren wannear't in piloat lânje wol. It wurdt ôfsletten troch in beweechbere konstruksje dy't liket op in parasjute, sa wurdt dit diel fan de ballon ek neamd.
De iepening oan de ûnderkant is om it fjoer fan de brander tagong te jaan sûnder de stof oan te taasten. Rûnom dizze iepening of mûle sitte stikken stof dy't fjoerwarrend binne. Dizze stof wurdt Nomex neamd. Dit materiaal wurdt ek brûkt by de overalls fan Formule 1 racers. De kabbels binne makke fan rustfrij stiel. Dit stiet yn ferbining mei de enveloppe oan in frame wêryn't de brânder sit op sterke fiberglêzene stokken. Dizze stokken kinne de lichte bewegingen fan de ballon ten opsichte fan de brânder by wynflagen kompensearje.
De flam sels ferskynt allinnich as de piloat dat wol. Om bange bisten te foarkommen fleant men faak mei in flústersysteem. Dizze branders binne stiller as de haadbrander.
It mantsje is makke fan flochten reid en is boppe-oan de râne ôfwurke mei suède of lear. Oare materialen binne ek útprobearre mar dizze materialen misse de fearkrêft dy't in reiden kuorke wol hat. Minsken en piloaten fine in reiden kuorke moaier as bygelyks in plestik kuorke. De brânstoftanks binne fold mei floeiber propaangas. Dit stiet meastal yn'e hoeke fan de koer.