Feriene Eastindyske Kompanjy
De Feriene Eastyndyske Kompanjy, FEK (Vereenigde Oostindische Compagnie, VOC) wie in bedriuw dat yn de 17e ieu en de 18e ieu it Nederlânsk monopoalje op hannel mei Eastynje hie. It wie opset foar it permanint finansierjen fan Eastynjereizen, yn stee fan it finansierjen fan aparte reizen sa't dat oant dan ta dien waard. Hjirta waarden seis keamers oprjochte, yn fiif plakken en ien provinsje dy't hannel mei Eastynje hienen. Dy keamers brochten kaptaal yn troch de útjefte fan oandielen. Mei dat kaptaal waarden de skippen finansiere, en letter ek alle fêstigings fan it bedriuw yn Eastynje. Mei dy fêstigings waard de FEK ta in multinasjonaal bedriuw, net folle oars as hjoeddeiske multinasjonale bedriuwen.