Ets
De etstechnyk is om 1400 hinne yn Jeropa ûntstien fan de wapensmidterijen út. Yn dy wurkpleatsen brochten wapensmidten mei skerpe beitels fersieringen oan yn harnassen en wapens. As dat gravearwurk klear wie dan waard dy opfolle mei in swart emalje, niéllo, en waard der in wiet stik papier oerhinne lein. De niéllo luts foar in part yn it papier en sa ûntstie in print fan de makke gravuere. Sa'n print waard feitlik mar foar ien doel brûkt, it fungearre as staalkaart foar it fakmanskip fan de wapensmid. Goed reklamemateriaal foar nije klanten, wêrby't we ús realisearje moatte dat de printen altyd yn spegelbyld wiene.