Esperanto
It Esperanto is in ynternasjonale keunsttaal, betocht troch Ludovich Zamenhof, en foar it earst publisearre yn 1887.
[bewurkje seksje] Belangrike kenmerken fan it Esperanto
It Esperanto is opset mei in in tal wichtige útgongspunten:
- Ynternasjonalens
- It Esperanto moast in taal wurde foar kommunikaasje tusken minsken út ferskillende lannen, dy't net de selde memmetaal hienen.
- Neutraliteit
- De taal soe net it eigendom fan ien lân wêze.
- Gelikens
- De taal soe fan nimmen de memmetaal wêze, sa't gjinien in foarsprong hie by it oanlearren.
- Ienfâld
- It Esperanto moast in regelmjittige struktuer krije, dat dit makliker te learen wêze soe as de measte natuerlike talen.
[bewurkje seksje] Skiednis
Esperanto waard optocht troch Doktor Zamenhof, yn syn middelbere skoaletiid. Yn 1878 hie er syn ynternasjonale taal ree, mar it doarre oant 1887 ear't er syn boek, "Lingvo internacia. Antaŭparolo kaj plena lernolibro" (In ynternationale taal. Foarwurd en kompleet learboek.) publisearre koe, ûnder it pseudonym Doktoro Esperanto (Dokter Hoopfol).
Minsken dy't graach ynternasjonale kontakten lizze woenen, learden de taal en begûnen him te brûken. Sa kaam it Esperanto op 'e wrâld. Njonkenlytsen stabilisearre it him en evoluearre ta in taal dy't brûkt en koestere wurdt troch minsken út in protte lannen.
De ISO 639 taalkoades foar it Esperanto binne "eo" en "epo". Der is ek in Esperanto Wikipedy.