Donker Sâneachje
Donker Sâneachje | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Aphantopus hyperantus |
It Donker Sâneachje (Aphantopus hyperantus) is in soarte yn it skaai fan de Sâneachflinters.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
It Donkere Sâneachje is in algemiene stânflinter. De flinter hâldt fan boskrânen en greiden. Siket faak beskutting by houtwâlen. De flinter komt somtiden in grutte oantallen foar, mar soms binne se ek wol seldsum. Se komme foaral foar yn Súd- en East-Nederlân. It is in honkfêste soarte.
Op de reade list stiet de flinter as net-bedrige.
[bewurkje seksje] Fleantiid.
De flinter fleant fan heal juny ôf oant ein augustus. Fleant altyd yn 1 generaasje.
[bewurkje seksje] De flinter
De wjuklinte is likernôch 18 oant 24 mm lang. De boppekant fan de wjukken is swart mei brún. De ûnderkant fan de wjukken is donkerbrún. Op de ûnderkant fan de foarwjuk sitte fiif grutte gielringe eagen. By it wyfke sitte dizze eagen ek wol op de boppekant.
[bewurkje seksje] De rûp
De flinter lit de aaikes ien foar ien yn it gers falle. De rûp kin likernôch 20 mm lang wurde. It is in dikke rûp dy't nei de efterein ta hieltiten tinner wurdt. It liif is okerkleurich en is bedutsen mei koarte boarstelhierkes. De kop is readeftich brún. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp yn in gerspôle. De rûp groeit yn de simmer en yn de hjerst. Yn it foarjier groeit de rûp it hurdst.
De rûp fret ferskillende soarten gers.