Brún Sâneachje
Brún Sâneachje | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Maniola jurtina |
It Brún Sâneachje (Maniola jurtina) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymphalidae).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
It Brún Sâneachje komt foaral foar yn rûge greiden, by houtwâlen, hagen of sleatskanten. De soarte komt foar yn tunen en lânbougebieten. It is dan ek in tige algemiene soarte dy't ferspraat oer hiel Nederlân foarkomt.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is likernôch 21 oant 28mm. It mantsje hat op de foarwjuk in swarte eachplak. De wiifkes hawwe dit ek mar sy hawwe in opfallende oranje plak op de foarwjuk.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fan ein maaie ôf oant heal septimber. Se binne foaral te sjen tusken midden juny oant begjin augustus. It Brún Sâneachje fleant altyd yn ien generaasje.
[bewurkje seksje] De rûp
De rûp kin 30 mm lang wurde. De rûp is grien mei in donkergriene rêchline. De rûp is oan de ûnderkant donkergrien. De punt fan it achterliif is wyt. De rûpen oerwinterje as healwaaks rûpen. Sa gau as it waarmer wurdt, wurde de rûpen aktyf. Yn it foarjier groeie de rûpen fluch.
De rûp fret ferskillende soarten gers.