Blaumies
Blaumies | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Parus Caeruleus |
De Blaumies (Parus Caeruleus) is in 11 sm grutte sjongfûgel út de famylje fan de miezen (Paridae). De blaumies komt in protte foar yn Jeropa en Aazje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oare Fryske nammen
De blaumies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Blaukopke, Blaumûtske, Blausyske as Kûgelsyske.
[bewurkje seksje] Iten
De blaumies yt sieden en ynsekten.
[bewurkje seksje] Uterlik
De blaumies is goed wer te kennen, foaral oan syn blauwe krún. Fierder hat er wite wangen mei in swarte eachstreep. De fûgel hat in giele búk en in grienige rêch.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
Lykas de measte miezen is de blaumies in hoalebrieder. It wyfke leit 7-12 aaien dy't se allinnich yn sa'n 2 wike útbriedt. De jongen wurde dêrnei noch 15-20 dagen troch beide âlden yn har nêst fuorre foar se útfleane.
[bewurkje seksje] Taksonomy
De blaumies is fan âlds part fan it skaai Parus. Troch nije ûntwikkelings binne der ornitologen (benammen Amerikanen) dy't de blaumies yn in apart skaai pleatse, nammentlik Cyanistes. De binomiale namme wurdt dan Cyanistes caeruleus.