Bernardinen
De 'Bernardinen of Skiere Mûntsen wienen in kleasteroarder: de Saint ordre de Cîteaux (Frânsk, Hillige oarder fan Citeaux).
De oarder fan de Bernardinen is yn 1098 stifte troch Robert fan Molesmae yn het Frânske plak Cîteaux. Robert wie it net iens mei de wize fan libben fan de Benediktinen yn Frankryk fan dy tiid, en woe in oarder stifte dy libbe sa't Benedictus dat wold hie.
Fan 1125 ôf waard Bernardus fan Fontaines, abt fan it dochterkleaster Clairvaux, de foaroprinnende man yn de kleasteroarder. Nei him, Sint Bernard, hiet de oarder yn guon talen (ek) de Bernardinen.
De mûntsen sels hiene wite klean, mar harren konversen wienen skier kleide. Om't de konversen folle mear kontakt mei bûtensteanders hienen as de mûntsen krige de oarder sa ek de namme fan Skiere Mûntsen. Yn de partijtiid waard sa de partij yn Fryslân dy anneks wie mei de Bernardinen de "Skieringers".
[bewurkje seksje] Kleasters
Troch de oarder waard yn Fryslân yn 1165 fan Clairvaux en Riddagshausen út it Kleaster Klearkamp stifte.
- Clairvaux, Riddagshausen
- Kleaster Klearkamp (1165 - )
- Kleaster Sion (foar 1200 - 1580)
- Kleaster Gennaart (1191 - 1580)
- Kleaster Blomkamp (1191 - 1580)
- Nijekleaster (1233 - 1580)
- Kleaster Aduard (Westerkertier, 1192 -1580)
- Kleaster Klearkamp (1165 - )