Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Russenoarloch - Wikipedy

Russenoarloch

De Russenoarloch (5 april oant 20 maaie 1945) wie in opstân tsjin de Dútsers op Teksel, troch Geörgjers dy't dêr as besettingsmacht ynset wienen nei't se troch de Dútsers finzen naam wienen.

De ûngefear 800 Geörgjers wienen part fan it Ostlegion (Eastlegioen), wat de Dútsers gearstald hienen út soldaten dy't oan it Eastfront finzen naam wienen en twongen wienen om tsjinst te nimmen yn it Dútse leger as se net as kriichsfinzenen fan hûnger en kjeld stjerre woenen. Oant 5 april hienen se fungearre as besettingsmacht, mar dy dei hearden se dat se in dei letter yn East-Nederlân ynset wurde soenen yn gefjocht tjsin de Alliearden.

De Geörgjers hienen fan doel wêst om op 20 april yn opstân te kommen. Dat soe makliker wêze om't it de jierdei fan Adolf Hitler wie en se tochten dat se dan it eilân wol yn hannen holde koenen oant de Alliearden kamen. Mar no wienen se twongen en doch it daalks. Om ien oere nachts besochten se al de Dútsers fan harren bataljon dea te dwaan. Dan soenen se de geskutsbatterijen ynnimme, en dermei koenen dan se Teksel tsjin de Dútsers ferdedigje. It plan slagge net, en twa Dútser koenen weikomme. De súdlike batterijen en De Helder waarden warskôge, en it slagge de Geörgjers net de Súdlike batterijen yn te nimmen eart de Dútsers dy dei in tsjinoffensyf mei 600 man mei swier materieel ynsetten.

De Geörgjers slaggen der net yn de batterijen yn te nimmen. Yn stee dêrfan waard De Burch troch de batterijen ûnder fjoer naam en swier skansearre. De gefjochten duorren wikenlang wylst de Geörgjers hieltiid fierder tebekdreaun waarden. Fral yn de Eierlânpolder waard slim fjochten, en tsientallen pleatsen waarden delbaarne. De lêste regele gefjochten wienen op 22 april oan de noardkant fan it eilân, dêr't Geörgjers harren yn de fjoertoer fan De Cocksdoarp ferskânze hienen. Mar ferspraat oer it eilân gongen de Geörgjers fierder mei harren ferset.

Doe't de Dútsers it eilân wer yn hannen hienen gongen se hiel it eilân oer te sykjen nei de lêste Geörgjers. Mear as sântich Geörgjers waarden eksekutearre. Mar ek de fersprate Geörgjers skeaten Dútsers dea as se dat koenen. Se waarden holpen troch it ferset, wat mei focht, en wat besocht om de Geörgjers út hannen fan de Dútsers te hâlden. Al op 6 april wienen boargers eksekutearre om't it ferset de side fan de Geörgjers kezen hie, en no eksekutearren de Dútsers eltsenien dy't de Geörgjers holpen. Dochs koenen in pear hundert Geörgjers holpen troch it ferset út hannen fan de Dútsers bliuwe. Earst op 20 maaie waarden se troch de Kanadezen ûntset.

Doe't Teksel úteinlik frij wie, wienen op dit lêste slachtfjild yn Jeropa 117 boargers fallen, tusken de 482 en 565 Geörgjers en tusken de 420 en 2347 Dútsers. De hope fan de Geörgjers en de freze fan de Dútsers wie, dat ek oare Russyske battaljons oan de kust fan Noard-Hollân yn opstân komme soenen, wat net barre. Mar de Russenoarloch hie al as gefolch dat sa'n 4000 dútsers weitrokken waarden út de de ferdigening fan Hollân, wat de Kanadeeske opmars ferhastige. Mei troch dit gefolch waarden de Geörgjers, doe't se nei de Sovjetuny weromstjoerd waarden, ynhelle as helden, en waarden se net bestraft foar harren tsjinst yn it Dútske leger.

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com