Strukelje
Strukelje (Dútsk: Strücklingen) is it noardlikste doarp fan it Sealterlân.
It dialekt fan Stukelje is it noardlikste dialekt fan it Sealtersk. De âldste foarm fan de namme Strukelje is fan 1473: struklinge. De útgong -linge hat him letter ta -lje ûntwikkele.
Ta it doarp heart ek it buorskip Uutände Yn 'e Midsieuen stie dêr de tsjerke, dat faaks is dat noch âlder as Strukelje sels. Fierders hearre ek de buorskippen Baaljene, Wietensound en Boukeläsk ta it doarp. Yn juny 2000 hie Strukelje 3.270 ynwenners,
Oan de westkant fan Strukelje leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Strukelje leit oan de Dútske Feanrûte.