Starum
Starum (Stavoren), is in stêd yn de gemeente Nijefurd, mei 996 ynwenners (1 jannewaris 2003). De stêd leit op de súdwest punt fan Fryslân, oan trije kanten beheint troch it wetter fan de Iselmar.
Starum is ien fan de Fryske âlve stêden. De stêd is al om it jier 900 hinne ûntstien, lâns in wetterke dêr't no de Delft noch fan oer is, en krige yn 1118 stêdsrjochten fan Hindrik V. It wie in hannelstêd fan belang, mei hannel oant yn Ingelân en Sweden ta. Yn 1385 waard Starum dan ek lid fan de Hânze. Oan de ein fan de midsieuwen rekke de stêd yn ferfal. Op dit feit is it ferhaal It Frouke fan Starum basearre.
Nei dy tiid fan ferfal kamen der yn de 17e en 18e ieu wer bettere tiiden, mei seefeart nei fiere lannen. Mar yn de 19e ieu rûn de stêd fierder tebek, en fan de ynternasjonale haven bleau net folle oer.
Hjoed de dei is Starum de keppeling tusken it spoar nei Snits en Ljouwert mei de boat nei Inkhuzen. De haven is no it thúsplak foar skippen fan de brúne feart.