Sleat
Sleat (Sloten) is in stêd yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Mei likernôch 750 ynwenners is Sleat de lytste fan de Fryske âlve stêden.
[bewurkje seksje] Skiednis
Sleat is ûntstien út in sterkte dy't yn de 13e ieu boud waard dêr't it wetter fan Snits nei Teakesyl krúst waard troch de wei fan Gaasterlân nei Doanjewerstâl. Yn 1426 wurdt Sleat al neamd as stêd.
Fan 1851 oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Sleat in selstannige gemeente, op de grins fan Gaasterlân, Doanjewerstâl en Lemsterlân. It waard doe gearfoege mei de gemeente Gaasterlân.
[bewurkje seksje] Ferskaat
Yn de simmer wurdt eltse freed in kanûn ôffjurre troch de skutterij fan Sleat. Eltse simmer hâldt Sleat Sipelsneon.
[bewurkje seksje] Keppeling om útens
- Webstee fan Sleat Nederlânsk