Schäddel
Schäddel (Dútsk: Scharrel) is in doarp yn it suden fan it Sealterlân, mei 2264 ynwenners (juny 2000).
It dialekt fan Schäddel is it súdlikste dialekt fan it Sealtersk. De namme fan it doarp komt fan Schar - lo: klif - wâld. Dat klif koe dan de 6m hege Halkoouger by it doarp wêze.
Oan de westkant fan Schäddel leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Ta it doarp wurde ek de buorskippen Bäätholt, Heeselbierich, Loanghorst en Näiwaal rekkene. De eardere buorskip Sedelsbierich is no in selsstannich doarp.