Rients Gratama
Rients Gratama is berne op 24 jannewaris 1932 yn Penjum. Hy is kabaretier, akteur, lesjouwer en ek "droktemakker" sa’t er himsels wolris neamt. Hy is de soan fan Geart Gratama en Johanna Sjaarda. Dy wiene beide aktyf yn it doarps- en ferieningslibben. Yn 1950 ferhuze de húshâlding nei Ljouwert.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Biografy
Rients Gratama gie nei de ULO yn Wytmarsum en letter nei de HBS fan Harns. Yn de fakânsje wurke Rients by de CCF. Dêrnei moast er yn tsjinst en kaam dêrnei wer by de ôfdieling bûtenlânske korrespondinsje fan de CCF. Yn 1957 gie hy nei Harns, wêr’t er direksje-siktaris waard by de sûkerwurkfabryk 'Frisia'. Doe’t er dêr noch gjin wike wurke hie wiisde syn heit him op in atfertinsje yn’e krante fan it selskip "Tetman en Jarich de Vries". Dy sochten in nije meiwurker. Tetman kaam op in dei by him thús en dyselde jûns waard hy foarsteld oan de oare leden fan it selskip.
Soks wie gjin garânsje foar in súksesfol bestean, mar Rients hie alle betrouwen yn it 'ynstitút' Tetman de Vries. Yn Harns hied er in tal minsken kennen leard dy’t letter it grutte rol foar him spylje soenen: Syn lettere frou Jetske Bijlsma en de lettere cartoonist Cork ( Cor Hoekstra ), dy’t op syn beurt wer Jan J.Bijlsma (letter learaar en skriuwer) koe. Mei harren trijen foarmen se it kabaretgroepke "De Stikelstekkers". Boppedat wie Rients aktyf as muzikant by de korpsen Penjum en Weidum, dy’t beide "Harmony" hieten. Hy spile meast búgel mar fierder ek hast alle oare blaasynstruminten. By it yn Fryslân toch de revu "De Tiid hâldt gjin skoft" ferneamde selskip "Tetman en Jarich" sieten neist de twilling De Vries ek Riek Landman, Hinke Visser-Oostra en Kor Huisman (piano). Rients kaam yn it plak fan Klaas Westra, dy’t ornaris de rol fan âldere persoanen spile.
Se spilen faaks trije stikken yn ien wike: "De tiid hâldt gjin skoft", "De tiid sil’t leare" en "Kleur en Fleur". It wie in treflike learskoalle (hy skreaun teksten] dêr’t er de basis lein hat foar syn lettere karjêre. Der waard spile op provisoaryske poadiums en yn feesttinten.
Gratama waard yn 1962 troch it literêre tydskrift De Tsjerne al útroppen tot ‘kabaretman nûmer ien’ . Nei seis jier woe Gratama wat oars: hy begûn in eigen selskip. It earste eigen programma hiet “Se moatte it sels mar witte” en de premjêre wie yn De Lawei. Benammen it sketske “De sjeik fan Arum” sloech tige oan yn de mear as twahûndert foarstellings. Yn syn selskip sieten Jetske Zijlstra, Baukje Felkers, syn âlde freon Cor Hoekstra (CORK) mei as fêste ynfaller Pieter van der Veen (fan Barend en Martsje) en pianist/komponist Kor Huisman. Nei trije jier hie Rients lykwols syn nocht. Hy krige yn 1965 in kâns by de NCRV-televyzje. Radio-ûnderfining hie hy al opdien by de RONO mei syn programma “Bisteboel”. It Hilversumske aventoer duorre lykwols mar twa jier, doe gie Rients Gratama op de solotoer. “Moai waar en lange dagen” hiet syn earste programma yn 1967. Hy waard begelaat troch in kombo besteande út Henk Ondersteijn, Joop Veerbeke en Karst de Groot. It wie in eksperimint, it publyk wie oant dan wend oan ‘sketskes’ en liet it al gau ôfwitte. Nei ien jier wie it dien. Rients makke syn earste langspylplaat en kaam dêrtroch yn kontakt mei Wim Sonneveld. Sonneveld kaam te sjen yn Raard nei de foarstelling fan Gratama. It hat laat ta de earste Nederlânsktalige foarstelling “Vingertjes in de Pap” en de premjêre wie yn de lytse seal fan it Konsertgebou yn Amsterdam. Undanks de stipe fan Sonneveld is hy noait in topper wurden yn Hollân. Ien fan syn eigenskippen is dat er himsels faak relativearret. Yn dy tiid wenne hy noch oan de Dukkumer Ie by Burdaard. Sûnt midden de jierren ’80 wennet er mei syn freondinne Carla van der Heijde yn ii monumintale pân yn Elburch. Dit om tichter by syn wurk yn Amsterdam te wêzen. Dêr is hy dosint oan de Kleinkunst Akademy mar dochs wer net te fier fan Fryslân ôf. Syn soan Geart Gratama is grafysk ûntwerper en yllustrator, wylst dochter Joukje Gratama dêr troud is. Tegearre mei freondinne Carla (dy’t skilderet, tekenet en ek les jout) foarmet hy in artistyk gelegenheidsduo. Se skreaunen foar Friesland Post in tweintichtal fabels. In soad muzikanten hawwe yn de rin fan’e tiid mei Rients wurke lykas: Cees Bijlstra (út Grou), Jaques Sambrink, John Eskens, Peter Sybenga, Addy Scheele. Mei in soad Nederlânske kollega’s hat er optreden yn kabaret of musical, yn film of op televyzje. Mei Gerard Cox bygelyks yn “De Grijze Plaag”. En “Beperkte Dijkbewaking’, mei Jasperina de Jong yn de musical “Fien”, mei Nelleke Burg, mei Joke Bruys (dêr’t er teksten foar skreaun, krektas foar Robert Paul). Hy spile in rol yn in film oer it libben fan Rudi van Danzig. Yn Fryslân makke hy yn 1976 syn ‘come back’ mei “Ha dy Basken’. Nei in tal oare programma’s kaam yn 1992 “Euro Super Fries” dat etnyske minderheden as tema hat. Tsjinspylster hjiryn is Maaike Schuurmans, dy’t ek yn de musical “Mata Hary” spile. De muzyk is fan Addy Scheele, op ’e bân opnommen.
[bewurkje seksje] Werom sa’n aktiviteiten
Rients hannelt net sasear om in boadskip oer te bringen nei it publyk, mar mear út in soarte fan artistyk idealisme. Undanks syn linkse hert fynt de artyst Gratama amusemint meast wichtiger as engaazjemint. Hy hat der in soad wille fan om dingen ut harren ferbân te lûken en it dan letter wêr yn elkoar te passen. Seit ek dat it skriuwen en meitsjes fan programma’s him hietlyd liniger ôfgiet. Om in dei nei it applaus alles wer te relativearjen. Benammen de frijheid is wichtich foar him. Hij giet mar troch, sels in hertoanfal koe him net opkeare. Syn talinten hat er oeral sjen litten. Fan Fryske en Nederlânske podia oant Amearika, Afrika, yn de Golfsteaten en yn Nigearia. As entertener by cruises, yn films en op televyzje. Foar al syn kulturele aktiviteiten krige er in Fryske Anjer. Yn 1998 kaam er werom yn Fryslân en sette him ta wenjen yn it âlde postkantoar fan Akkrum. Understeande list is mar in lytse greep út alles wat Rients Gratama by de ein hân hat:
[bewurkje seksje] Programma’s
- "Moai waar en lange dagen" ( 1967 )
- "Ha dy Basken" ( 1976 )
- "Tachtich yn’e bocht" ( 1980 )
- "Alle Jierren Feest" ( 1985 ) (Frysk Festival)
- "In Fries is in Fries, is in Fries" ( 1988 )
- "Mata Hary" ( 1989 ) - musical
- "Euro-Superfries" ( 1992 ), syn jubleumprogramma, hy stiet dan 35 jier op de planken.
- "Makkumer slaat Warkumer"
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Dichter op Operaasje Fers
[bewurkje seksje] Rollen
Rients Gratama die mei yn:
- "Heerlijk duurt het langst" mei Jenny Arean
- “Beperkte Dijkbewaking”mei Jasperina de Jong
- "Fien"
- "Sportman fan de ieu"
- "Nynke"
- "Kening Lear” ( 2003 ) muzikaal téaterspektakel yn it Fryske Hyndersintrum ( Drachten). Bewurking : Bouke Oldenhof.
[bewurkje seksje] Diskografy
- dûbel LP:
- "80 yn 'e bocht"
- LP's mei oaren:
- "Rôlje, rôlje"
- "De bêste út Fryslân"
- CD's:
- "Tachtich yn'e bocht" ( 199? )
- "In Fries is in Fries" ( 199? )
- "Kening op sokken" ( 1997 )
- "Rike Tiid"
- "Hichtepunten ut'e "téatershow in..."
- "70 jier Rients" ( 2002 )
- CD's tegearre mei oaren:
- "Frysk hit festival 1"
- "De beste fan Omrop Fryslân diel 2" ( 1993 )
- "De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3" ( 1998 )
- "Trochstrings & CO" ( 1998 )
- "SimmerTime" ( 2000)
- "SimmerTime 2" ( 2000 )
- "Frysk stjerrejûn" ( 2001 )
- "70 jier Rients" ( 2002 )
- "Tachtich Yn'e Bocht" ( 1998 )
- "Knollentuin" ( 1971 ) Digitalisearre en restaurearre kopy fan de orzjinele LP op CD
[bewurkje seksje] Oer Rients Gratama
- it boek "Ha dy Rients"
- artikels yn "De Moanne"
[bewurkje seksje] Boarne
Friesland Post