Liderke
Liderke | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Galanthus nivalis |
It Liderke (Galanthus nivalis) is in op syn meast 25 sm. heech bolgewaaks. It plantsje, dat sjoen wurdt as in maitydsboade, wurdt rekkene ta de stinzeplanten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oare Fryske nammen
It Liderke wurdt yn Fryslân ek beneamd as Neaken Boutsje, Neaken Earske, Foarjiersberntsje, Maarteblomke, Wyt Wyfke en Neaken Mantsje/Neaken Wyfke. In soad minsken brûke ek de letterlike Nederlânske oersetting Snieklokje.
[bewurkje seksje] Uterlik
De blommen hawwe elts in eigen blomstâle en hingje as in klokje oan de top fan it stâltsje. In blom hat 6 bledsjes, wêrfan de bûtenste trije langwerpich binne en de binnenste trije omkeard hertfoarmich. De lange snyleftige blêden binne blau-eftich grien.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De plant komt, omdat er gau en maklik ferwylderet, yn in soad streken foar. De oarsprong leit nei alle gedachten yn Súd- en Midden-Jeropa, al is it bewiis dêrfoar suver net mear te leverjen.