Harns
Gemeente Harns | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | Paul HM Scheffer |
Haadplak | Harns |
Gebiet - wetter |
387,68 km² - 361,08 km² |
Ynwenners | 15.839 |
Ferkearsieren | A31/N31, N358, N393 |
Netnûmer | 0517 |
Postkoades | 8856 - 8872 |
Offisjele webstee | www.harlingen.nl |
Harns (Harlingen) is in stêd en gemeente oan de westkust fan Fryslân, mei 15.839 ynwenners (1 jannewaris 2004), en mei in gebiet fan 387,68 km2, wêrfan 361,08 km2 wetter.
In de rin fan ferskate gemeentlike weryndielings hat Harns parten oernaam fan de eardere gemeente Barradiel. Dêrtroch is ek it eardere doarp Almenum opnaam yn de stêd Harns. Ek hat de gemeente gebiet oernaam fan de gemeente Franekeradiel.
It haadplak fan de gemeente is de stêd Harns, en de oare plakken yn de gemeente binne: Mullum en Winaam.
Harns leit oan it Waad. De haven wurdt ûnder oaren brûkt foar de fiskerij, en de fearboaten nei Flylân en Skylge.
Yn Harns wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk sprutsen.