Grytman
In grytman (letterlik: hy dy't groetet) is in foarrinner fan de hjoeddeiske plattelânsboargemeester yn Fryslân.
De grytmannen en rjochters soargen foar it bestjoer en de rjochtspraak yn de Fryske gritenijen. De grytmannen waarden om bar keazen of oanwiisd, troch gearwurking fan de steedhâlders Deputearre Steaten. De alve Fryske stêden hienen boargemasters.
Yn it ferline waard wol tocht dat de heraldyske Fryske Earn it foarrjocht fan in grytman en syn neisieten wie.
De Gemeentewet fan Thorbecke (ôfkundige yn 1851) makke fan de Fryske grytmannen boargemaster.
Kategorie: Skiednis van Fryslân