De Flyt
De mûne De Flyt stiet oan de Molebuert yn Koudum (gemeente Nijefurd).
De mole waard oarspronklik yn de 18e ieu boud as poldermole yn Toppenhuzen. Yn 1986 waard de mole fersetten nei it plak dêr't er no stiet en ferboud ta in stellingmole, type spinkop.
Konstruksje: it ramt fan de ûndertoer is dekt mei dakpannen. Kape dekt mei houten dielen en hielendal tarre, mei in flecht fan 16,40m. De mole is mealfeardich en it meallen fan nôt giet op frijwillige basis.
Mûnders binne H. en L. Veenstra.
Eigner is de Stifting De Fryske Mole.