Wylde ierdbei
Wylde ierdbei | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Fragaria vesca |
De Wylde ierdbei, Fragaria Vesca, is de wylde tsjinhinger fan de kultuerierdbei. Mar dêr't de kultuerierdbei in krusing is, is de Wylde ierdbei in soart op sich.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plant
De Wylde ierdbei groeit fral yn boskgebieten, meast op in wat fochtige sângrûn yn filtere sinneljocht. De plant hat lytse wite blomkes. De dielde, trijedûbele blêden binne glânzgjend, en hawwe in skerptakkige blêdrâne. De fruchten, einliks binne it sabeare fruchten, ferspriede in swiete rook. Se binne te iten, mar al lytser as dy fan de kultuerierdbei.
[bewurkje seksje] Gebrûk
[bewurkje seksje] Fruchten
De lytse fruchten smeitsje fris, was se gaadlik makket foar fruchteslaad en -drinken, sjerp en sjem. Se binne wat laksearend, en der sit in soad izer en fitamines A en C yn. Ierdbeien kinne soarchje foar wite tosken, en giet toskstien tsjin.
[bewurkje seksje] Blêden
De blêden binne gaadlik foar tafoeging oan krûdetee of slaad. In ôftreksel fan jonge blêden helpet by bloedearmoede. Yn dy beide foarmen soarchje de blêden ek foar in bettere spiisfertarring. Utwindich kinne se brûkt wurde as in kompres doopt yn in ôftreksel, dêr't lytse wûnen mei genêzen wurde kinne.