Wylde hyasint
Wylde hyasint | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Scilla non-scripta L. |
De Wylde hyasint (Scilla non-scripta) is in maaitiidsplant fan it slachte "Scilla".
De plant waard al troch Linnaeus beskreaun. Hy dielde him yn by de hyasinten. Ut dy tiid stamt ek de it nammediel non-scripta omdat by dizze plant yn tsjinstelling ta de hyasinten gjin wite tekens yn de blomdekblêden te ûnderskieden binne. Letter die bliken dat de plant ta it slachte "Scilla" hearde.
De blêden binne gersfoarmich, lang en 1-3 sm breed. De blommen binne buis- oant klokfoarmich, meast wyt of blauw. Op ien en itselde steanplak kin in ferskaat oan kleuren en foarmen oantroffen wurde.
De frucht is aaifoarmich, it sied is swart.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De plant is fan Súdwest Europeeske komôf. It tsjintwurdige ferspriedingsgebiet beslacht Noard-Frankryk, Lúksumboarch, Belchje, Nederlân, Noardwest-Dútslân en Grut-Brittanje. De wylde hyasint wurdt rekkene ta de stinzeplanten.