The Future
|
||||||||||||||
|
The Future is ien fan de meast populêre albums fan Leonard Cohen. It wurdt ek wol syn film-album neamd omdat sawat alle nûmers op de iene of oare wize ferskine yn in ferskaat oan films.
It meast yn it each rinnend is it brûken fan trije nûmers yn de klassike film Natural Born Killers. Dêryn is Waiting for a Miracle it titelnûmer. Fierder binne der nûmers werom te finen yn de films Wonder Boy en The Live of David Gale.
Hoewol The Future gjin grut kommersjeel sukses wie, is it perfoarst it Cohen-album mei it grutste muzikale ferskaat. Yn syn heitelân, Kanada, hie er lykwols al kommersjeel sukses: sawol Closing Time as The Future hellen dêr de Top 40.
Alle nûmers op it album binne skreaun troch Cohen behalve Be For Real (Frederick Knight) en Always (Irving Berlin).
[bewurkje seksje] De nûmers
- The Future
- Waiting for the Miracle
- Be For Real
- Closing Time
- Anthem
- Democracy
- Light as the Breeze
- Always
- Tacoma Trailer