Sinnemoannekalinder
In sinnemoannekalinder is in kalinder dy ôfstimt wurdt op de rotaasje fan de moanne om de ierde en fan de ierde om de sinne. Dit wurdt dien troch de kalindermoanne sa goed as mooglik oanslúte te litten by de moannesyklus, en fan en ta in skrikkelmoanne ta te foegjen sa't it begjin fan it jier net te fier trochskoot.
De Hebrieuske kalinder en de Sinese kalinder binne sinnemoannekalinders.