Oerlis:Roemeenje
[bewurkje seksje] Stavering
Friezen op it Ynternet skriuwe faker Boekarest as Bûkarest, mar ik wit net at der in regel is dy't it ien of it oar seit. Mar wat ek it bêst wêze soe, graach troch de hiele side oanpasse. Aliter 01.44, jun 24, 2006 (CEST)
- De regel is neffens my dat "op syn Frysk" skreaun wurde moat: Bû-ka-rest dus dochs? B. 08.43, jun 24, 2006 (CEST)
-
- Bliuwe wie Boekarest yn Bûkarest en wêrom feroarje?SK-luuut 18.10, jun 24, 2006 (CEST)
-
-
- Nee dat liket my net snoad. Myn farkar is Bûkarest, omdat de -oe/û- in koart lûd is en wy it Frysk graach sa fonetysk mooglik hâlde wolle. Eins fyn ik ek dat it Rûmeenje wêze moat, mar troch it Nederlânske ynbakte Roemenië sil dat wol net slagje. Groetnis, swartehenkie
-
De klam leit op it earste lid, dat wy meie de stavering oan it Frysk oanpasje. Foar de kar oe of û wurdt de oanwizing jûn it Nederlâns te folgjen: oo en oe wurde oe mar ui en eu wurde û. Der binne lykwols útsûnderings, lykas boekebeam, dat de regel sels moat noch oars wêze. Ik haw noch by de Fryske Akedemy sjoen (Dy hawwe Roemeenje, dêrom hawwe wy it ek.), en dy jouwe de lannenammen: Bûtan, Bûrkina Faso en Bûrûndy; net ien mei Boe.
Dúdlik is it net, allegear. Bauke hat in regel jûn; litte wy ús dêr foar no dan mar by hâlde. Aliter 19.59, jun 24, 2006 (CEST)
Ik hie juster it eefkes feroare om't er Boekarest en Bûkarest yn stie. Ik tocht dât it dan wol Bûkarest wêze moast en doe ik hjoed seach dat it âl wêr feroare wie, frege ik mysels ô wât de bedoeling wie.
[bewurkje seksje] Regio's
Kinne wie ek de judeţe per histoaryske regio yndiele?SK-luuut 18.17, jun 24, 2006 (CEST)
- Yn geef Frysk: Be my guest, mar ik tink net dat it der moaier fan wurdt.
Ik wit net hoe ik dat rygje sa moai krije kinSK-luuut 19.07, jun 24, 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Alternatyf
De 41 judeţe binne:
|
|
|
-
- Fansels koe yn in stik oer de histoaryske regio's ek in list fan de regio's opnaam wurde, elts mei de gemeenten taheake. Aliter 19.59, jun 24, 2006 (CEST)