Rêchstringdier
In rêchstringdier is in dier dêr't it lichem fan bestevige is troch in rêchstring, in steviche string weefsel dy't troch de rêch rint. Net by alle soarten is de rêchstring oanwêzich yn it libbene bist; by gâns soarten hat it embryo al in rêchstring, mar ferdwynt dy letter, of wurdt dy ferfongen troch wringen. Wol hawwe alle soarten in senuwkoorde troch de rêch, en hawwe se in sturt.
[bewurkje seksje] Oarsprong
De rêchstringdieren binne sa'n 550 miljoen jier lyn ûntstien as in soartemint fan lansetfiskjes. Om't lansetfiskjes sa ûnûntwikele lykje, wurdt oannaam dat se út in oare soarte fuortkaam binne trochdat se net mear ta folwûksen bisten útwûksen. Feitlik lykje se in soad op larven fan sêkpipen, sa't de teory is dat dat de âldste foarm is, wylst de oare soarten út net-fierder-wûksen larven fan dy soarte ûntwikkele binne en yn stee fan de sêk in skelet krigen hawwe.
[bewurkje seksje] Klassifikaasje
De klassike klassifikaasje fan de stam fan rêchstringdieren is:
- Stam: Rêchstringdieren (Chordata)
- Klasse: Fisken (Pisces)
- Klasse: Amfibyen (Amphibia)
- Klasse: Reptilen (Reptilia)
- Klasse: Fûgels (Aves)
- Klasse: Sûchdieren (Mammalia)
Dizze klassifikaasje jout al problemen. Under oaren hawwe net alle fisken wringen. Foar dat probleem wurde der ûnderstammen brûkt:
- Stam: Rêchstringdieren (Chordata)
- Understam: Manteldieren (Urochordata)
- Understam: Lansetfiskjes (Cephalochordata)
- Understam: Prikfisken (Myxini)
- Understam: Wringedieren (Vertebrata)
Der binne noch fierdere opdielings makke, krekt neffens de evolusjonêre ûntwikling, mar yn it gebiet fan de taksonomy gean de ûntwiklings sa hurd dat der noch gjin nije fêste yndieling ûntwikkele is en de klassike klassifikaasje hieltyd noch brûkt wurdt.