Nijskoat
Nijskoat (Nieuweschoot) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean yn it suden fan Fryslân, mei 153 ynwenners (1 jannewaris 2004).
It doarp leit by de suderein fan it flek It Hearrenfean, besúden De Heide. It doarp is ûntstean op in sânrich, dat de namme komt fan "skoat" yn de betsjutting fan "heech lân". It "Nij" is dan ta ûnderskied mei Aldskoat.