Leppeltsjeblom
Leppeltsjeblom | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Capsella bursa-pastoris |
De Leppeltsjeblom (Capsella bursa-pastoris) heart ta de krúsblommigen. It is in rjochtopsteande plant mei wite blommen en bochtich takkelige blêden yn in woartelrozet. De Leppeltsjeblom is in tige algemiene wylde plant, dy't sawol yn tunen as op ruderale grûnen foarkomt,en yn bjirmen, strjitrânen, muorren, ensfh. fûn wurde kin.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oare Fryske nammen
De namme komt fan de hertfoarmige 6 oant 9 mm lange haukes, dy't it model hawwe fan de tas dy't earder troch skepers en boeren brûkt waard. Yn de folksmûle stiet de Leppeltsjeblom ek bekend as Leppeltjedief, Dûbeltsjedief, Einepoat en Foarkjes-en-Leppeltsjes.
[bewurkje seksje] Uterlik
De oant 60 sm hege plant is ien- of twajierrich, en bloeit fan maart oant septimber. Rûnom de spoelfoarmige woartel steane de woartelblêden yn in rozet; de wite blommen steane yn in strús groepearre. De Leppeltsjeblom is in winterfêste plant. Se freget in goed wettertrochlittende, wat sânige, stikstofhâldende grûn yn sinne of healskaad. De blommen hawwe fjouwer oant 3 mm lange wite kroanbledsjes. De tsjelkblêden binne oant heal sa lang as de kroanblêden.
De pinfoarmige woartel is faak ferhoute. De blommen binne strúsfoarmich by inoar.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De plant komt yn de hiele wrâld foar mei útsûndering fan Polyneezje, fan Iislân yn it noarden oant yn de Alpen en de Pyreneeën op 3000 meter hichte. Hoewol't de plant troch in soad ynsekten opsocht wurdt, komt der relatyf mar in bytsje krúsbestowing foar. Der is wol faak sprake fan selsbestowing, dêrtroch binne der in soad fêst ferervjende farianten.
De plant komt wierskynlik fan oarspring út it gebiet fan de Middellânske See.
[bewurkje seksje] Ekology
De leppeltsjeblom wurdt faak oantaasten troch de skimmel Cystopus candidans. Soks docht û.o. bliken út pleatslike ferdikkings en in wite oanslach.
[bewurkje seksje] Brûken
It krûd wurdt yn ferskate produkten ferwurke. Yn de folksgenêskunde waard / wurde ôftreksels brûkt tsjin bliedings, ûntstekkings fan de urinewegen, en as kompres op iepen bliedzjende wûnen.
Jonge (foar de bloei) rozetbledsjes kinne brûkt wurde yn salades, of smoard yn it sopsoarten.
[bewurkje seksje] Eksterne link
- SoortenBank.nl beskriuwings en ôfbylden