Kris
De kris is de tradysjonele twasnijende Javaanske dolk mei in weagjend lims. Yn it westen binne de krissen fral ferneamd om't op Java lang oererve krissen hieltyd noch beskôge wurde as foarwerpen mei in protte kesakten, in soarte fan magyske enerzjy dy't foarkomt yn parten fan it minsklik lichem en yn bisten, planten en libbenleaze dingen. Spesjaal krêftich soenen de krissen wêze dy makke binne fan metaal út de meteoryt dy't yn 1749 yn Prambanan delkaam.