Kapeseachbekken
De Kapeseachbekken (Lophodytes) foarmje in skaai yn de famylje fan de Einfûgels. It skaai hat mar ien soarte, de Kapeseachbek (Lophodytes cucullatus) .
[bewurkje seksje] Untwikkeling
Yn 1758 naam Carolus Linnaeus de Kapeseachbek op yn it skaai fan de Seachbekken (Mergus). It skaai fan de Kapeseachbekken is yn 1853 ynfierd troch Ludwig Reichenbach. It wurdt lykwols ek wol sjoen as ûnderskaai fan de Seachbekken.
Yn 2002 die by ûndersiik blyken dat de Kapeseachbek nauwer besibbe is oan de Lytse Seachbek (Mergellus albellus) as dy beiden besibbe binne oan de Seachbekken. It is dêrom 1 desimber 2003 útsteld dy twa monotypyske skaaien, Mergellus en Lophodytes, gear te foegjen ta ien skaai, bûten de Seachbekken.
[bewurkje seksje] Klassifikaasje
- Famylje: Einfûgels (Anatidae)
- Skaai: Kapeseachbekken (Lophodytes)
- Soarte: Kapeseachbek (Lophodytes cucullatus)
- Skaai: Kapeseachbekken (Lophodytes)