Hânze
De Hânze wie in fan oarsprong Dútse bûn fan hannelsstêden, letter útwreide mei stêden yn de omlizzende lannen. De Hânze wie aktyf fan de 12e ieu oant de 17e ieu, en op syn grutst wie it in bûn fan likernôch 200 stêden.
[bewurkje seksje] Untstean
Yn de 12e en 13e ieu woeksen de belangen fan Dútske stêden mei hannel en bysûndere rjochten yn it bûtenlân gear ta in bûn fan hannelsstêden. Earst yn 1357 waard lykwols formiel de Hânze stifte.
[bewurkje seksje] Organisaasje
It bûn wie net ticht assosjearre; it wie fral in groep stêden dy't mienskiplike belangen op Noardsee en Eastsee ferdigene, ek mei oarlochsskippen at dat nedich wie. Beslissings wienen naam op de Hânzedei, ien kear yn it jier yn Lubeck. Fierders wie Lubeck ek de arbitraasje at de stêden ûnderinoar konflikten hienen. Der wienen sa'n sântich wichtige hannelsstêden yn it bûn, en nochris hast dûbeld sa folle hannelsposten en oare hannelsrelaasjes dy't ek lid wienen.
[bewurkje seksje] Delgong
De wurde trije faktoren oanwiisd foar de delgong fan de Hânze:
- Trochdat it bûn him yn de twadde helte fan de 14e ieu yn syn kearngebiet in rige monopoaljeposysjes bemachtige, waard net genôch dien oan oanpassings oan nije situaasjes en nije ûntwikkelings.
- It bûn wie net strikt oan in nasjonaliteit keppele, en koe him yn de 15e ieu net goed ferdigenje tsjin it sterker wurden fan de naasjes.
- Mei it ferkennen fan hieltiid gruttere parten fan de wrâld ferskode it aksint fan de hannel wei fan de Eastsee en Noardsee, dêr't de Hânze grutte ynfloed op hie, en kaam mear op de oseaanhannel te lizzen, dêr't de Hânze gjin part yn hie.
Nei 1600 wie it bûn net mear as organisaasje aktyf. De lêste Hânzedei waard lykwols oan de ein fan de ieu holden, yn 1699. Formiel wie de Hânze doe lykwols net ôfsletten, en Lubeck, Hamburch en Bremen bleaunen as de lêste trije leden oer, en neame harsels hieltiid noch Frije en Hânzestêd.