Geörgje
|
Geörgje is in lân yn Lyts-Aazje. De haadstêd is Tbilisi en de presidint fân de republyk is sûnt 2004 Mikheil Saakashvili
Geörgje wurdt begrinzge troch:
- Ruslân yn it noarden;
- Azerbeidzjan yn it súdeasten;
- Armeenje yn it súden;
- Turkije yn it súdwesten;
- de Swarte See yn it westen.
[bewurkje seksje] Skiednis
It gebiet fan de twa âlde keninkriken Koltsji en Kartli foarmet rûchwei it gebiet wat no Geörgje is. Al yn 'e 4e ieu waard it Kristendom as steats-godstsjinst ynfierd. Ieuwenlang hat it lân hast oan ien tried wei beset west, mei de Romeinen, Arabieren, Persen en Turken dy't der baas wienen. Dêrnei kaam de goudene tiid foar Geörgje, fan de 11e oantenmei de 13e ieu.
De ynvaasje fan de Mongoalen makke in ein oan de bloeitiid, en wie it begjin fan in nije rige oerherskers. Nei de Mongoalen kamen de Ottomanen en wer de Persen, oant it lân yn de 19de ieu yn de Russyske ynfloedssfear kaam. Nei in koarte perioade fan ûnôfhinkelens tusken 1918 en 1921, wie op 'e nij Moskou' baas yn Geörgie, mar no wienen it de kommunisten dy't de skepter swaaiden.
Sûnt 1991 is Geörgje, foar it earst sûnt de 14de ieu, foar langere tiid ûnôfhinklik. It lân kaam yn dy jierren yn in ekonomyske resesje wat late ta in boargeroarloch. Yn 1995 kaam Eduard Sjeverdnadze oan de macht. De ekonomyske tastân ferbettere net en de korrupsje naam allinne mar ta. Nei swiere protesten fan de befolking yn novimber 2003 gong Sjeverdnadze as president ôf. Nije ferkiezings yn 2004 brochten Mikheil Saakasvili oan de macht, en makken dêrmei de Nederlânske Sandra Roelofs de presidintsfrou fan Geörgje.