Driezum
Driezum (Driesum) is in doarp mei in krappe 1.000 ynwenners yn de gemeente Dantumadiel. It doarp is it meast eastlike fan de Dokkumer Wâlden. Oan de westkant fan Driezum leit it twalingdoarp Wâlterswâld, dêr't Driezum in protte ferienings mei dielt.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Rinsma State
Oan de eastkant fan Driezum leit it buorskip Eastwâld. Tusken Driezum en Eastwâld leit Rinsma State, fan âlds in adelike state dêrt de baronnen van Sytsema wenne. Guon fan harren wiene boargemaster fan Dantumadiel. Fan 1971 oant 1999 wie de state it gemeentehûs fan Dantumadiel. Om Rinsma state hinne leit in park, better bekend as de Driezumer bosk.
Efter Rinsma state is yn 1972 it baggerdepot Petsleat/Swemmer oanlein. Dit baggerdepot is yn 1985 omfoarme ta rekreaasje- en natoerterrein "Rinsma pôlle".
[bewurkje seksje] Terp
In lytse twa kilometer oan de noardkant fan Driezum leit de Driezumer terp. Op de terp stie de Canter State, dy't yn de 19e ieuw ôfbrutsen is. Ek de terp is foar it grutste part ôfgroeven.
Fan Driezum rûn de Driezumer Feart nei de Driezumer Mar. Fan de mar rûn de Driezumer Sylried lâns de Driezumer terp fierder nei it noarden, en kaam troch de Driezumer Syl út yn it Dokkumer Djip.
[bewurkje seksje] Berne yn Driezum
- Jannes van der Wal (12 novimber 1956) - dammer († 1996).