Achlum
Achlum (offisjeel Frysk) is in terpdoarp yn Frjentsjerteradiel, súdwestlik fan Frenstjer en noardlik fan Arum.
It doarp hat in tsjerke út it begjin fan de 12e ieu, dy't heech op de terp stiet. Yn Achlum hat ek in kleaster west, it Achlumer Konvint. Ta it doarp hearre ek de buorskippen Ieslumbuorren, Luidum en Sopsum. Earder hat der ek in buorskip Gelterp west, en der hawwe twa states west, Offenhuzen en Benysten.
[bewurkje seksje] Ferbinings
De Slachtedyk komt út it easten Achlum yn, en giet dan fierder nei it noarden, dêr't er de grins wurdt tusken Frjentsjerteradiel en Harns. Nei it suden rint de Muontsewei nei Wûnseradiel. Fia de Achlumer Feart is Achlum nei it easten ferbûn mei de Arumer Feart en nei it noarden mei it Van Harinxmakanaal.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2005 - 663
- 2004 - 666
- 2003 - 664
- 2002 - 674
- 2001 - 679
- 2000 - 668
- 1999 - 652
- 1973 - 738
- 1969 - 796
- 1964 - 824
- 1959 - 881
- 1954 - 889