Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
J.R.R. Tolkien - Wikipedy

J.R.R. Tolkien

J.R.R. Tolkien yn 1916
Fergrutsje
J.R.R. Tolkien yn 1916

John Ronald Reuel Tolkien (3 jannewaris 18922 septimber 1973) wie heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal en letterkunde oan de Universiteit fan Oxford. Hy is foaral ferneamd wurden troch syn boeken The Hobbit (De hobbit) en Lord of the Rings (Hear fan de Ringen), dy't spylje yn de fantasijwrâld Midden-Ierde.

J.R.R. Tolkien is berne yn Bloemfontein yn Súd-Afrika. Doe't Ronald krekt 4 jier âld wie ferstoar syn heit, en syn mem ferstoar oan diabetes doe't Ronald tolf wie. Nei dat hy wees wurden wie moete hy Edith Bratt. Hy waard fereale en troude mei har. Letter stie sy model foar Luthien.

Tolkien tsjinne yn de Earste Wrâldkriich yn it Britske leger. Yn der rin fan de oarloch seach er hoe in tal fan syn meistriders en neiste freonen it libben derby ynskeaten. Sels kaam er terjochte yn in militêr sikehús, wylst er te lijen hie fan rinfuorgekoarts (trench fever). Under it opbetterjen begûn er mei it skriuwen fan in rige mearkes basearre op syn stúdzje nei mytology en folkloare, dy't hy The Book of Lost Tales neamde. Kenners fan syn wurk sizze dat de oarloch syn wurk beynfloede hat. Hy seach de fantasij as in útflecht oan de realiteit fan fabriken, masines, gewearen en bommen fan de tweintichste ieu.

Nei de oarloch wurke er koart by The Oxford English Dictionary, mar al gau waard er prefester Ingelsk yn Leeds, en yn 1925 prefester Angel-Saksysk yn Oxford. Nei de Twadde Wrâldkriich waard er prefester Ingelske taal en literatuer.

Tolkien hie nea tocht dat syn boeken populêr wurde soene by it grutte publyk. Hy makke de wrâld fan Midden-Ierde (Middle-earth) as ferklearring foar de elvetalen dy't hy ûntworpen hie. Yn 1937 publisearre hy The Hobbit, in boek dat hy foar syn eigen bern skreaun hie. Hoewol it foar bern bedoeld wie waard it boek ek lêzen troch folwoeksenen. It waard sa populêr dat de útjouwer (Allen & Unwin) oan Tolkien frege in ferfolch te skriuwen.

Dat sette him oan ta it skriuwen fan syn ferneamdste wurk, it epyske Lord of the Rings. Tolkien hat dêr tsien jier oan wurke en it waard yn 1954-1955 publisearre yn trije dielen. Dy opdieling wie lykwols op oantrunen fan de útjouwer; Tolkien hie it as ien lang ferhaal skrean. Hoewol it in ferfolch wie op The Hobbit, wie it skrean foar in âlder publyk. De Lord of the Rings waard tige populêr ûnder studinten yn de jierren '60 fan de 20 ieu en is sûnt dy tiid populêr bleaun. It boek is yn in protte talen oerset, mar noch net yn it Frysk. De trije films dy't der fan makke binne, hawwe miljoenen nei de bioskoop lutsen.

Tolkien gong yn 1959 mei pinsjoen. Hy ferstoar op 2 septimber 1973 yn Oxford. Op de grêfstienen fan Edith en Ronald stiet "Lúthien" en "Beren", nei it ferhaal fan Tolkien. Yn Eastbourne yn East Sussex is in Tolkien Road ferneamd nei Ronald Tolkien, en ek is der in astroïde 2675 Tolkien.

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com