Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Carolus Linnaeus - Wikipedy

Carolus Linnaeus

Carolus Linnaeusgravuere J. Chapman
Fergrutsje
Carolus Linnaeus
gravuere J. Chapman

Carolus Linnaeus (berne as Carl Linnaeus, 23 maaie 1707, Råshult - 10 jannewaris 1778, Uppsala) wie in Sweedske dokter en biolooch, dy't de binomale nomenklatuer foar libbene wêzens ûntwikkele. Yn 1757 waard Linnaeus fan 'e adel makke, as Carl von Linné. Hy publisearre syn wurk, sa't dat doe dien waard, ûnder in Latynske namme: Carolus Linnaeus.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Jonge jierren en oplieding

Linnaeus syn heit, sels dûmny, woe dat Carl teology studearje soe. Linnaeus syn interesse lei dêr lykwols net en ien fan syn leararen wist syn heit derfan te oertsjûgjen dat it better wie dat Linnaeus medisinen studearje soe. En dat barde. Mar dêrnjokken kaam der ek hieltyd mear botany yn syn stúdzje. Yn 1732 waard hy troch de Universiteit fan Uppsala op ûndersyksreis nei Laplân stjoerd, om dêr noch ûnbekende planten te sykjen. Yn 1734 gie hy nochris nei midden Sweden, en yn de rin fan syn fierdere libbens soe hy noch ferskate oare ûndersyksreizen nei alle parten fan Sweden meitsje. Yn 1735 gie er nei Nederlân om syn stúdzje dêr ôf te meitsjen. Itselfde jier promovearre hy yn de genêskunde oan de Universiteit fan Hurderwyk en publisearre hy syn Systema Naturae, wêryn hy in systematyske klassifikaasje foar planten beskriuwt. Ek noch dat jier gong er nei de Universiteit fan Leiden, dêr't er oant 1938 bliuwe soe.

[bewurkje seksje] Klassifikaasje

It meast revolúsjonêre aspekt fan syn klassifikaasje is, dat dy útgiet fan de seksuele organen fan planten. Yn dy tiid wie it in relatyf nij fenomeen dat planten seksuele organen hawwe en boppedat wie it sprekken oer seksualiteit in grut taboe. En no makke Linnaeus krekt dy seksuele organen ta de basis fan syn systeem: De planten waarden ferdield yn klassen, nei it tal manlike en froulike organen dat se hawwe. De seksuele basis fan syn ferdieling, en it foar dy tiid ongewoan frije taalgebrûk dêroer, makke dat syn systeem yn it begjin mar slim te akseptearjen wie foar syn tiidgenoaten.

[bewurkje seksje] Binomale nomenklatuer

De grutte ferbettering fan syn klassifikaasje kaam yn Species Plantarum (1753}. Alhoewol ferskate biologen earder besocht hienen in beskriuwing fan all bekende planten te jaan, wienen der gjin fêststeande nammen foar planten, sadat ien en deselde plant by ferskillende skriuwers ferskillende nammen hawwe koe. Yn 1735 keppele Linnaeus oan syn klassifikaasje in systematyske nammejouwing, de binomale nomenklatuer. Dit systeem wie yn de rin fan de skiednis al faker brûkt, mar it wie nea ta in standert útgroeit. Linneaus foege syn eigen ferzje fan it systeem fan Gaspard Bauhine ta oan syn klassifikaasje sadat er, dêr't er earst de geslachtsnamme folgje litte moast troch in list fan eigenskippen fan de spesifike soart, no folstean koe mei twa nammen. De geslachtsnamme, folge troch in soartnamme.

[bewurkje seksje] Ynfiering

Om't Linnaeus sûnt 1735 hieltyd mear omfettende fersjes fan syn Systema Naturae publisearre hie, wie syn wurk in neisjach fan sa'n grutte wearde wurden, dat it allinnich dêrom al troch eltsenien brûkt waard. En om't de ideeën fan de klassifikaasje en de nammejouwing op himsels ynfâldich wienen waarden dy sa dan ek al gau akseptearre. Ek om't de studinten fan Linnaeus de wrâld oer reizgen en mei noch net klassifisearre planten werom kamen nei harren master. Sa wie Linnaeus foarop mei de omskriuwing fan planten en koe der foarkomme dat op'e nij deselde plant ferskillende nammen krije soe fan ferskillende biologen. Mei de tsiende ferzje fan de Systema Naturae, yn 1758, waard ek ik ryk fan bisten tafoege, lykas it ryk fan de mineralen.

[bewurkje seksje] Namme

Alhoewol faak oannaam wurdt dat Linneaus in namme wie dy't Carl oannaam foar de publikaasje fan syn wurk, is dit net it gefal. Carl syn heit, Nils Ingemarsson Linnaeus hie dy namme oannaam as famyljenamme doe't er begûn mei syn teology stúdzje. Dat Carl Linneaus hie fan himsels in Latynsk-eftige efternamme, en koe folstean mei it oanpassen fan syn foarnamme nei Carolus.

Oarsom wie Carl von Linné net syn bertenamme, sels al wie Carl dat al. Dy net-latynske ferzje fan syn namme hat Carl earst oannaam doe't er 1757 fan'e adel makke waard.

[bewurkje seksje] Linnaeusklokje

Der is in plant nei Linnaeus neamd: it Linnaeusklokje, Linnaea borealis. Hy ûntduts it op syn reis troch Laplân yn 1732. It plantsje wurdt lykwols net yn syn reisferslach beskreaun, mar wol yn de Flora Lapponica. It Linnaeusklokje is in tige beskieden, kwetsber plantsje. It hat in hichte fan sa'n 10 sm, mei twa lytse blomkes op in tin stâltsje. Yn Nederlân is it plantsje tige seldsum. Linneaus is faak portrettearre mei it plantsje yn syn hân.

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com