Willem Barents
Willem Barents (* Skylge, 1550 - † Nova Sembla, 20 juny 1597) wie in Fryske seefarder en ûntdekkingsreizger fan Skylge. Willem Barents makke trije ûndekkingsreizen om de noardeastlike trochfeart te finen, wêrbij hy de kusten fan Nova Sembla ferkende en Beareëilân en Spitsbergen ûntdekte.
Oer it libben fan Barents foar it begjin fan de ekspedysjes is net in soad bekend. Yn 1594 hie hy de lieding oer de earste ekspedysje om de noardeastlike trochfeart nei Aazje en it Fiere Easten te finen. Barents folge de kust fan Nova Sembla yn'e hope om de eilannen hinne te farren, mar hy waard troch it iis tsjin hâlden. De twadde helte fan de ekpedysje ûnder Cornelis Nay hie mear sukses. Dy wist fia de Strjitte fan Waygats yn de Karasee te kommen.