Botswana
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Botswana, is in lân yn it súdlike part fan Afrika. Foarhinne part fan it Britske protektoraat fan Bechuanalân, Botswana krige syn namme efter syn ûnôfhinkelikens binnen it Britske Commonwealth op 30 septimber 1966. Botswana grinst oan:
- Súd-Afrika yn it súden en súd-easten.
- Namybje yn it westen.
- Sambia yn it noarden.
- Simbabwe yn it noard-easten.
[bewurkje seksje] Geografy
Botswana bestiet foar in grut part út in net begroeide heechflakte (likernôch 1000 meter heech); yn it easten binne der heufels. Yn it súd-easten is de Kalahary-woestijn. Troch it noard-easten streamt de rivier Okavango, wêr je ek grutte sompen fine kinst. De stêd Gaborone leit yn it súd-easten fan Botswana.
De wichtigste plakken yn Botswana:
- Gaborone
- Francistown
- Lobatse
- Maun
- Mochudi
- Serowe
- Ramotswa
- Selebi-Phikwe
- Palapye
- Jwaneng
- Mahalapye
[bewurkje seksje] Ekonomy
De ekonomy fan Botswana hat in grutte waakst belibbe sûnt harren ûnôfhinkelikens yn 1966. De ynwenners fan Botswana hawwe doetyds ek de rapste waakst fan libbens standaard meimakke.
In wichtige sektor fan Botswana's ekonomy binne diamantwinning, ek metalen lykas koper en mineralen as sâlt. In protte minsken reizigje nei Botswana foar it wyldlibben, en sadwaande is toerisme wichtig foar it lân
[bewurkje seksje] Keppenling om utens
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Botswana en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |