Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Transfaal - Wikipedy

Transfaal

Transfaal (Afrikaansk: Transvaal) wie ien fan de provinsjes fan Súd-Afrika fan 1910 oant 1994. De provinsje is yn 1994 opdield tusken Gauteng, Noardwest, Limpopo en Mpumalanga.

[bewurkje seksje] Skiedis

It gebiet wurdt al bewenne sûnt de 8e ieu troch de Fenda- en Sesotofolken. Fan 1817 ôf waard de regio binnenfallen troch ferskillende Ngunifolken lykas de Matabele dy't út Natal ferdreaun wiene. Letter waard it gebiet kolonisearre troch de Boeren.

Tusken de jierren 1830 en 1850 trutsen de Boeren, ôfstammelingen fan Nederlânske kolonisten, it gebiet binnen yn harren Grutte Trek. Dizze Foartrekkers flechten foar it Britske bewâld fan de Kaapkoloanje. Hja oerwûnen de stammen dy't yn it gebiet libben sûnder muoite, om't hja bettere wapens hienen. De Boeren stiften yn dit gebiet ferskillende Boererepubliken.

Op 17 jannewaris 1852 erkende Grut-Brittanje de ûnôfhinklikheid fan it gebiet benoarden, oer, de Faal - Trans-faal. Yn 1856 werneamden de Boeren harren lân de Súd-Afrikaanske Republyk, en in nije, rasistyske grûnwet waard opsteld.

Yn 1877 hie de republyk te kampen mei ekonomyske problemen en oanfallen fan Soeloes. Grut-Brittanje anneksearre Transfaal, sabeare om de Boeren te "rêden". De Boeren seagen de ynfal lykwols terjochte as in oarlochsferklearring, wat late ta de Earste Boere-oarloch. De Pretoriakonvinsje fan 1881 joech it gebiet it rjocht om himsels te regearen, ûnder de Britske flagge. Yn 1884 krige de republyk syn ûnôfhinklikheid werom. Al rillegau waard lykwols goud ûntdekt yn Wytwettersrâne (1885), wêrtroch't ôfgryslike protten nije kolonisten, de útlanners, it gebiet binnentrutsen. Yn 1895 besocht de premier fan de Kaapkoloanje, Cecil Rhodes, in steatsgreep tsjin it Transfaalske regear. Mar dizze Jameson Oerfal waard in fiasko. Der ûntstienen al gau geroften dat Dútslân de Boere-republyk stypje soe, wat de Britten ferûntrêste. Ut eangst foar Britske anneksaasje foelen de Boeren de Britten oan yn 1899. Sa begûn de Twadde Boere-oarloch, dy't de Boeren úteinlik ferlieze soenen.

Yn maaie 1902 joegen de lêste Boeren har oer en Transfaal waard, tegearre mei de Oranje Frijsteat, diel fan it Britske Ryk. Yn 1910 waard Transfaal in provinsje fan de nije Uny fan Súd-Afrika, in Britsk dominion. Yn 1961 stapte de uny út de Britske Steatebûn en waard de Republyk fan Súd-Afrika.

Yn 1994, nei de earste algemiene ferkiezings fan Súd-Afrika, waarden de eardere provinsjes herfoarme. Hjirby waard de provinsje Transfaal ôfskaft.

In postsegel dy brûkt is yn Transfaal.
Fergrutsje
In postsegel dy brûkt is yn Transfaal.

Stêden yn Transfaal:

  • Heidelberg
  • Johannesburg
  • Messina
  • Nelspruit
  • Pietersburg
  • Pretoria
  • Vereeniging
Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com