Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Menno van Coehoorn - Wikipedy

Menno van Coehoorn

Menno van Coehoorn
Menno van Coehoorn

Menno van Coehoorn (15 septimber (doopdatum) 1641, Britsum - 17 maart 1704, De Haach) wie in militêr en fêstingboukundige.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Famylje

Yn it doopboek fan Britsum is fêstlein dat op 15 septimber 1641 dêr doopt is Minne de soan fan Goasse van Coehoorn en Aaltsje fan Hinkema. Dy Goasse, of sa't er it sels skreau Gosewyn, wie kaptein by de Fryske ynfantery. It komôf fan de Van Coehooorns is net wis. Mûglik kamen de Van Coehoorns as militêren út Dútslân en kamen de foarâlden út in boerefamylje. In oar ferhaal seit dat de van Coehoorns út Sweden kamen. Yn 1700 hat Minne sels kâns sjoen om in rjochterlike útspraak te krijen dat de famylje fan âlde Sweedse adel wie. Yn Nederlân hienen de Van Coehoorns der yn alle gefallen slach fan om yn in rike famylje yn te trouwen. Sa wie Aaltsje har mem bygelyks in Donia.

[bewurkje seksje] Jonge jierren

Menno van Coehoorn waard berne op Lettingastate yn Britsum, dat doe it eigendom wie fan Aaltsje har mem. De famylje ferfarre lykwols nei Burgum, dêr't hja te wenjen kamen op it jachtslot It Hegehûs fan steedhâlder Willem Freark.

Doe't Minne acht jier wie waard er learling oan de Latynske skoalle yn Ljouwert Hoe't syn fierdere oplieding west hat is net dúdlik. Hy waard gjin studint oan de Frjentsjerter Hegeskoalle. Der wurdt wol tocht dat Minne in privee-oplieding krige hat fan syn omke professor Bernard Fullenius. Fullenius yn Frjentsjer wie ûnder oare professor yn de wiskunde en doseare sa ek fêstingboukunde.

[bewurkje seksje] Militêr

Yn 1657 waard Minne kaptein by de Fryske ynfantery as opfolger fan syn heit. Minne hat in grutte militêre karriêre makke. Nei't er yn 1678 yn Britsum boaske wie mei Magdalena fan Scheltinga, waard er yn 1679 befoardere ta kolonel-kommandant. Doe kaam der in wriuwing tusken de steedhâlder Hindrik Kasimir II en van Coehoorn. Coehoorn is doe oergien nei it legen fan steedhâlder Willem III fan Hollân. Dizze befoardere him yn 1697 ta mastergeneraal by de artillerly.

Menno van Coehoorn wie ek de betinker fan de Coehoornmortier. Dit wie in ferpleatsber stik geskut. Oant yn de Earste Wrâldkriich waarden mortiers fan dit type noch brûkt.

[bewurkje seksje] Wikel

Nei syn trouwen gie Minne earst wer op it Hegehûs yn Burgum wenjen. Sy frou brocht grûn yn te Wikel. It pear beslette yn 1685 om yn Wikel, nei it foarbyld fan de Hollânske hegerein, in bûtenpleats del te setten. Dit waard Meerenstein. Minne krige yn 1695 fan kening Karel II fan Spanje, as hear fan de Súdlike Nederlannen, foar syn fertsjinsten de titel fan baron. Hjirtroch koe hy him yn Fryslân ta de heechste adel rekkenje.

[bewurkje seksje] Fêstings

Al nei de oarloch yn 1672 waard der besletten om in rige fan fêstings om de grinzen fan de Republyk te bouwen. Yn 1688 wienen de plannen rûn. Menno krige it tafersjoch dêroer. Om him hinne kaam der in korps yngenieurs dy't in akademyske opleiding hân hienen. Menno hat dizze funksje oant syn dea yn 1704 hân. Hy is slagge om de rige ôf te meitsjen.

Yn 1698 besleat de Rie fan State dat de fêstings fersterke moasten wurde. Menno waard ynspekteur-generaal oer it korps yngenieurs. Hy hat doe in rûnreis by alle fêstings lâns makke. Yn oerlis mei syn meiwurkers binne der doe plannen foarlein oan de Rie fan State om ta ferbettering te kommen.

[bewurkje seksje] Dea

De grêftombe yn de Wikeler tsjerke
De grêftombe yn de Wikeler tsjerke

Yn 1701 waard Menno beneamd ta gûverneur fan Sluis yn Steats-Flaanderen, no Siuwsk-Flaanderen. De Rie fan State organisearre yn 1704 in konferinsje oer de tastân fan de fêstings. Menno wie doe eins al slim siik, mar hy waard min of mear twongen om nei De Haach te kommen. De reis fan Seelân nei De Haach hat foar him tefolle west. Op 17 maart 1704 is er yn De Haach ferstoarn.

It stie fêst dat hy yn de tsjerke fan Wikel begroeven wurde soe. De Steaten fan Fryslân, by wa't Minne formeel yn tsjinst wie, hawwe doe besletten om 10.000 gûne frij te meitsjen foar in monumint foar van Coehoorn. Dit is pleatst boppe it mausoleum. It ûntwerp wie fan Daniël Marrot en is troch Pieter van der Plas útfierd.

[bewurkje seksje] Neitins

Hy wie al yn syn libben ferneamd wurden as militêr en as fêstingboukundige. Yn de 19e ieu waard der lykwols oars tocht oer syn fêstings en is hast alles wat er boud hat wer ôfbrutsen. De militêre strategy wie feroare. Doch waard Menno fan Coehorrn yn fakrûntes net fergetten. Dit hat laat ta it oprjochtsjen fan de stifting Menno van Coehoorn. Dizze stifting besiket om wat der oer bleaun is fan de fêstingwurken, sa mooglik, wer in de âlde steat werom te bringen.

De strjitte yn Britsum dêr't eartiids Lettingastate stie, hjit nei him Menno van Coehoornwei.

Dêr't eartiids Meerenstein mei it park yn Wikel stien hat is no it Coehoornbosk. Dit is in natuerreservaat fan It Fryske Gea. Oan de noardkant fan dit gebiet is de Generaal-Majoor van Coehoornpolder. Dizze is oanlein troch Menne van Coerhoorn om syn lân tsjin de oerstreamings fan de Sleater Mar te beskermenjen.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Joep van Hoof - Menno van Coehoorn, Vestingbouwer - belegeraar - infantrist. 2004 De Haach.
Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com