Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Jesse Owens - Wikipedy

Jesse Owens

James Cleveland "Jesse" Owens (* 12 septimber 1913, Oakville - † 31 maart 1980, Tucson) wie in atleet dy't op de Olympyske Spullen yn Berlyn yn 1936 fjouwer gouden medaljes wûn.

Jesse Owens, berne as James Cleveland Owens, wie de sânde fan alve bêrn fan Henry and Emma Owens, yn Oakville yn Alabama yn de Feriene Steaten. Doe't er acht wie ferfoer it gesin nei Cleveland. Dêr woe syn nije skoaljuf witte hoe't er hjitte, mar doe't er "J.C." sei, koe se syn aksent net folgje en tocht se dat er "Jesse" sei. Sa waard er "Jesse Owens".

Yn Cleveland waard ek dúdlik dat er talint hie foar hurdrinnen. Hy waard in suksesfol hurdrinner, huorderinner en fierspringer. Yn 1935 helle er yn minder as in oere wrâldrekôrs yn elts fan dy trije dissiplines. En ek noch yn syn stúdzjetiid koe er nei de Olympyske Spullen.

Op de Olympyske Spullen yn Berlyn helle er yn 1936 fjouwer gouden medaljes. Mar dy prestaasje is lang oerskaat troch it idee fan oaren, dat Jesse sa tsjin Hitler fochten ha soe. Jesse wie in neger, en dejingen dy't de Olympyske Spullen allinich seagen as in plan fan de Dútsers, en dan yn it bysûnder Hitler, om de Aryske superioariteit te demonstrearjen, redusjearen Jesse's medaljes ta it bewiis dat dy Dútsers gjin gelyk hienen. Yntusken wie Jesse gewoan dwaande mei topsport, fûnen de taskôgers syn prestaasje machtich, waard syn Dútske tsjinstanner Lutz Long syn freon, en stie Hitler op en swaaide nei Jesse Owen doe't dy foarby kaam.

Doe't er thús kaam yn de Feriene Steaten woe presidint Franklin D. Roosevelt him net ûntfange, om't it ferkiezingstiid wie, en Roosevelt de súdlike kiezers kwytreitsje koe as er in neger ûntfong. Dêr't blanke atleten yn de Feriene Steaten harren sukses brûke koenen, hie Jesse der gjin foardiel fan. Hy koe sels de stúdzje net ôfmeitsje om't er foar syn family jild fertsjinje moast. Dat die er troch hurdrin-demonstraasjes foar jild by eveneminten, tsjin wa of wat mar hurdrinne koe. Under oaren rûn er foarôfgeand oan honkbalwedstriden tsjin hynders.

Op 'e lange doer kaam er mear as sprekker as as hurdrinner, en hy waard sa suksesfol dat er oeral yn it lân te sprekken frege waard. Pas yn 1976 waard syn sportive prestaasje erkend, doe't er fan presidint Gerald R. Ford de Frijheidmedalje krige. Yn 1980 stoar Jesse Owens oan longkanker. Earst nei syn dea, yn 1984, waard syn sukses op de Olympyske Spullen troch Carl Lewis werhelle. Datselde jier waard yn Berlyn in strjitte nei him werneamd en yn 1990 krige er postúm de Kongresionale Gouden Medalje.

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com