Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Wounded Knee - Wikipedy

Wounded Knee

Wounded Knee is in doarp yn it súdwesten fan Súd Dakota (Feriene Steaten) dat leit yn it Pine Rigde Yndianereservaat. Letterlik oerset bestjut de namme Ferwûne knibbel.

Op dit plak fûn op 29 desimber 1890 in slachting plak ûnder de Lakota Yndianen. Mear as 150 kamen om. Wounded Knee waard foar de Noard-Amerikaanske Yndianen it symbool foar de earleazens fan de blanken.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De moardpartij fan Wounded Knee

[bewurkje seksje] Geastdûns

Yn 1890 hiene de Noard-Amerikaenske Yndianen it feitlik al ferlern fan de blanken. In part fan harren libbe ûnder strieminne omstannichheden yn it Pine Ridge reservaat. Se rekken yn de ban fan twa mystisy. Yn Nevada foarsei de pasifistyske Paiute yndiaan Wovoka de yndianen in werberne en paradyslike Ierde sûnder blanken, en mei de weromkomst fan alle oerledenen. Dit soe barre at de yndianen tenei oprjocht libje soene, gjin alkohol mear drinke soene en harsels ritueel reinigen.

Skoppende Bear, in Sioux-yndiaan fan de Miniconjou Lakota, dy't yn it Pine Ridge reservaat libbe, reizge nei Wovoka om fan syn religy te learen, joech der syn eigen ynterpretaasje oen en foarsei de útroeging fan de blanken. Spesjale himden, heilige troch in rituele geastdûns, soenen beskerming jaan tsjin de kûgels fan de blanken.

De leiding fan it Pine Ridge reservaat waard benauwd foar in opstân. Se ferbeanen de geastdûns en skeakelen it leger yn.

[bewurkje seksje] Reaksje fan it blanke bewâld

De Miniconjou Lakota hellen Sittende Bolle oer om him by harren te foegjen, mar foardat it safier komme koe, waard er troch de yndiaanske plysje oanhâlden. By de skermutseling die dêrby ûntstie kamen Sittende Bolle, sân fan syn krigers, en seis man fan de yndiaanske plysje om 'e hals.

De sânde kavalery gie ûnder befel fan majoar Samuel Whitside op syk nei de Miniconjou dy't it reservaat útflechte wiene. Op 28 desimber 1890 waar de groep fûn, sa'n tritich myl eastlik fan Pine Ridge. De útputte en net tsjin de kjeld klaaide yndianen beaen gjin ferset. Se krigen opdracht om it kamp op te slaen by de Wounded Knee beek, fyf myl westliker.

[bewurkje seksje] Striid

Miniconjou haadman Grutte Foet leit dea yn de snie
Fergrutsje
Miniconjou haadman Grutte Foet leit dea yn de snie

De oare moarns woe it leger de yndianen ûntwapenje. Harren medisynman Giele Fûgel rôp de yndianen lykwols op harren te fersetten en foarsei dat de geastdûnshimden harren beskermje soene tsjin de kûgels fan de militêren.

Yntusken besochten inkelde soldaten ien fan de yndianen syn gewear ôf te pakken. Se wisten net dat hy dôf wie en seagen syn ûnbegryp oan foar ferset. Sa ûntstie in wrakseling werby it gewear by ûngelok ôfgie. Dat wie it begjin fan in fûle sjitterij. Doe't in groep yndianen fuortrûn iepenen de op in heuvel opstelde legerkanonnen it fjoer. De geastdûnshimden holpen neat. Tsientallen yndianen werûnder in protte froulju en bern waarden delmeand. Mei-inoar kamen mear as 150 yndianen om 'e hals en rekken 50 ferwûne. Der sneuvelen 25 militêren en 39 rekken ferwûne. de measte nei gedachten troch eigen fjoer.

[bewurkje seksje] Neisturt

Dizze slachting wie de lêste oarlochshânneling yn in searje fan konflikten tusken it Amerikaanske leger en de Yndianen. De militêren krigen nei ôfrin in medalje takind.

[bewurkje seksje] Begraaf myn hert by Wounded Knee

Wounded knee waard by in grut publyk bekind troch de titel fan it boek út 1970 dat Dee Brown skreau oer de striid fan de Yndianen tsjin de blanken: Bury my heart at Wounded Knee (Begraaf myn hert by Wounded Knee).

[bewurkje seksje] Frijsteat

Yn 1973 waard Wounded Knee besetten troch leden fan de American Indian Movement (AIM). Sy rôpen dêr in frijsteat út as protest tsjin it Amearikaanske federale bewâld. Nei 73 dagen waard de besetting troch it bewâld brutsen. Fyftjin yndianen waarden feroardiele.

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com