Ostmark (gebiet)
Ostmark wie de namme fan Eastenryk nei de Anschluss, de Dútse anneksaasje fan Eastenryk yn maart 1938. Arthur Seyss-Inquart, de Eastenrykse nazi-lieder, waard troch Adolf Hitler oansteld as rykssteehâlder fan Ostmark.
Yn 1939 ferfoel dy besûndere status fan Eastenryk en waard de Ostmark opheft. Eastenryk waard hiernei yn ferskate goaen opdield. It wichtichste goa wie dat fan Wenen. Baldur von Schirach, de eartiidske Reichsjugendleiter (ryksjongereinlieder) fan de Hitler-jugend, waard yn 1940 goalieder fan Wenen.