Anschluss

It Dútske wurd Anschluss, oant 1998 stavere as Anschluß, betsjut letterlik oanslúting of ferbining en oerdrachtlik anneksaasje. Mei de term De Anschluss wurdt meastal speesjefiek de Dútske anneksaasje fan Eastenryk yn in Grut-Dútslân (1938) oantsjut.

Dy Anschluss wie yn tsjinstelling ta de Ausschluss, de útslúting van Eastenryk út Dútslan, meastal spesjefyk sa't dat tusken 1866 en 1871 late ta it troch Prusen oerhearske Dútslan. Anschluss en Ausschluss wienen foar 1866 de twa manearen om ta in Dútske ienheid te kommen: Grut-Dútslân mei, en late troch, Eastenryk of Lyts-Dútslân sûnder Eastenryk. Otto von Bismarck wist troch it oangean fan de Dútske Oarloch yn 1866 it Dútske Bûn iepen te brekken. De Ausschluss waard yn 1871 folslein troch de stifting fan it troch Prusen oerhearske Dútske Keizerryk.

Nei de Earste Wrâldkriich foel Eastenrijk-Hongarije útelkoar. Op 12 novimber 1918 waard de Eastenrykse republyk uitroppen. It Ferdrach fan Versailles út 1918/1919 ferbea mei klam eltse oanslúting fan Eastenryk by Dútslan. Oanfankelijk hâldde Eastenrijk noch verkysingen, allinne foar mânnen.