Noardhoeksk
|
It Noardhoeksk, inkeld ek wolris Noardklaaifrysk neamd, is ien fan 'e fjouwer grutte dialekten fan it Frysk en wurdt sprutsen yn it noardeasten fan 'e provinsje Fryslân, in gebiet dat rûchwei begrinzge wurdt troch de Lauwersmar yn it easten, it Waad yn it noarden, it Bilt yn it westen en in tinkbyldige line fan Ljouwert oer Burdaard en Dokkum nei Ingwierrum yn it suden.
It Noardhoeksk wurdt sprutsen troch nei skatting likernôch 39.000 minsken yn 'e provinsje Fryslân; hoefolle Friezen om utens Noardhoeksk sprekke is net dúdlik.
It Noardhoeksk wykt mar sa'n bytsje fan it Wâldfrysk ôf dat it ek wol as de noardlike fariant dêrfan beskôge wurdt, ynstee fan as in selsstannich haaddialekt. Fan oarsprong is it Noardhoeksk, dat sprutsen wurdt yn it klaaigebiet benoarden de Wâlden, in oergongsfoarm tusken it Klaaifrysk en it Wâldfrysk. Paradoksaal genôch liket it westlike Noardhoeksk, dat grinzget oan it Klaaifryske gebiet, minder op it Klaaifrysk as it eastlike Noardhoeksk. Dat komt om't it Wâldfrysk stadichoan it Noardhoekske gebiet tusken Ljouwert en Dokkum ynkringt, mar net dat beëasten Dokkum. Sa kin it bygelyks, dat der om 'e fyfde finger oan te tsjutten bewesten Dokkum it Wâldfryske wurd "tûme" en beëasten Dokkum it Klaaifryske "tomme" brûkt wurdt. Typysk Noardhoekske foarmen binne bygelyks: "muolle" foar "mûle", "buosse" foar "bûse" en "buotter" foar "bûter".
[bewurkje seksje] Boarnen
- Boelens, K., e.o., Twataligens - Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981.
- Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
- Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.