Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Fryske beweging - Wikipedy

Fryske beweging

Oan dizze side wurdt noch wurke! Sjoch oerlisside

Ta de Fryske beweging kinne alle persoanen en ynstânsjes rekkene wurde dy't har ynsette of ynsetten hawwe foar it behâld en fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer. Foar guon bewegers hâlde en hâldt dat tagelyk in stribjen yn nei (mear) ûnôfhinklikheid fan it sintrale Nederlânske gesach.

Ynhâld

[bewurkje seksje] It begjin

Gysbert Japiks

Gysbert Japiks
Skilderij: Matthijs Harings

Feitlik begûn de Fryske beweging mei de dichter Gysbert Japiks (1603 - 1663), de ûnbetwiste grûnlizzer fan it moderne skreaune Frysk. Sûnder him soe it Frysk as literêre taal de tiid net oerlibbe hawwe. Hoewol hy yn lytse kring bewûndere waard, soe Gysbert yn syn tiid gjin beweging yn gong lûke.

It duorre oant 7 july 1823, de tiid fan de Romantyk, eart yn de Sint Martinitsjerke te Boalsert de earste Gysbert Japiksbetinking hâlden waard. De menniste dûmny Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), hat dat feest in jier letter wiidweidich beskreaun yn syn 'Hulde aan Gysbert Japiks'. It wie lykwols benammen de Frjentsjerter heechlearaar Gryksk Everwinus Wassenbergh (1742-1826) dy't stúdzje makke fan it wurk fan Gysbert Japiks en dat ek mei sukses by oaren propagearre. De beweging, dy't hy wól yn gong sette, wurdt wol de Wassenberghse Renêssânse neamd. It soe liede ta de earste foarm fan organisaasje fan de Fryske beweging, al soe Wassenbergh dat sels net mear belibje.

[bewurkje seksje] De earste organisearre beweging

Op 27 septimber 1827 waard troch Franciscus Binkes, Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde oprjochte, in Genoatskip, seker yn de begjintiid, fan wat men de 'hegerein' neamme kin. Ek Eeltsje Halbertsma waard lid, mar yn 1834 betanke er as lid. De reden skreau er oan syn broer Joast: "Es gibt Narren aller Art", en hy woe dêr net ien fan wêze. It Frysk waard troch it Genoatskip dan wol bestudearre, fiertaal wie it by harren yn dy begjinjierren út of yn net. Ek it sûnt 1839 ferskinende (en noch altyd besteande) tydskrift "De Vrije Fries" wie foar it meastepart yn it Hollânsk. Wol binne der foar de tiid fan de "De Vrije Fries" noch in seistal nûmers fan in "Friesch Jierboeckjen" ferskynd.

Op 14 septimber 1844 waard yn Het Gouden Wagentje oan de Nijstêd te Ljouwert troch Harmen Sytstra, Tiede Dykstra en Jacobus van Loon it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse oprjochte. Dit selskip, ek wol it Selskip 1844 of Ald Selskip neamd, wie mear woartele yn'e mienskip. Har oanhing bestie meast út middenstânslju, lju fan de liberale boargerij en de doarpsyntelligentsia: dûmnys en skoalmasters. De bruorren Halbertsma bringe mei har Rimen en Teltsjes it skreaune Frysk wer ûnder de minsken. Botte polityk is it dan noch net, al sjocht Sj. van der Schaaf yn it artikel "The origin of the Germanic and Scandinavian languages: diversity in unity" fan de hân fan Joast Halbertsma wol in politike stellingname: "Hjir is in federalist oan it wurd" is syn konklúzje en fierder "de folken moatte harren yn al har eigenaerdigens en har ûnderskate talen ûntjaen kinne". (noat 1)

Op in breed droegen politike beweging, lit stean partijfoarming, is dan lykwols noch gjin sicht. Krekt yn dy tiid dat de grip fan de sintrale machthawwers op Fryslân aloan sterker waard, makke de opkommende organisearre Fryske beweging him benammen drok om de Fryske stavering. De romantyk oerhearske it tinken fan de measte bewegers fan it earste oere en de wjerslach dêrfan wie werom te finen yn it earste Fryske tydskrift dat troch it Selskip útbrocht waard: Iduna. It is de mislearre bakker mar folksskriuwer by útstek, Waling Dykstra dy't him ferset tsjin de stavering dy't de bewegingsmannen betocht hawwe, en hy begjint mei de útjefte fan in eigen periodyk: De Frysce Huesfrjeun. Hy wie dêrmei in eksponint fan it opkommen fan it liberalisme en in begjin fan demokratisearring.

[bewurkje seksje] De tiid fan it opkommend liberalisme

It Selskip 1844 rekke hommels troch syn bestjoersleden hinne: Harmen Sytstra en Tiede Dykstra kamen koart efter inoar jong te ferstjerren. Jacobus van Loon naam it foarsitterskip op him mei Gerben Colmjon as skriuwer. Sûnder it duo Sytstra-Dykstra foege it Selskip him nei de liberale geast fan de tiid en wûn oan leden: nei it djiptepunt fan 1852 mei noch mar 122 leden, rûn dat tal op nei 543 yn 1885. Om 1860 wiene Waling Dykstra en Tsjibbe Geartst van der Meulen útein setten mei harren winterjûnenocht en it Frysk folkstoaniel wie yn opkomst. De striid om de stavering waard ôfsletten mei in kompromis tusken de romantisi en de praktisi.

Tinkstiennen Halbertsma's

De tinkstiennen fan de Halbertsma's

Yn 1879 ferskynde "De Fryske Boekstavering, in hantlieding". Dizze Selskipsstavering soe it in foech 70 jier úthâlde. De útjefte fan "It Lieteboek" troch it Selskip yn 1876 wie in grut sukses. Der bleau sels jild fan oer. Ek de saneamde Grouster stientsjefeesten, it ûntbleatsjen fan tinkstiennen foar de Halbertsma's op 13 oktober 1875 en 28 maaie 1879, levere direkte winst op: It ûntstean fan de Krite Grou dy't letter in wichtige rol yn it Selskip spylje soe.

It Frysk Genoatskip liet fan him sprekke yn 1877. Yn it paleis fan Willem III oan it Hofplein yn Ljouwert waard in grutte tentoanstelling organisearre yn ferbân mei it 50-jierrich bestean fan it Genoatskip. De provinsje en de gemeente Ljouwert wurken der oan mei. Terpfynsten, skilderijen, silverwurk, hânskriften, kaarten, alles wat te toanen wie waard toand. It wie in grut sukses: Der kamen tritichtûzen besikers op ôf en der waard rûnom yn Nederlân omtinken oan jûn yn de parse. Der bleau genôch jild fan oer om oan de Turfmerk it "Eysingahûs" oan te tugen, dêr't de samlingen fan it Genoatskip en de provinsje in fêst plak krigen. Dêrmei stie it Genoatskip oan de widze fan it Frysk Museum.

[bewurkje seksje] De tiid fan de partijfoarming en de twadde weach fan organisaasje

Sa oan it ein fan de 19e en it begjin fan de 20e ieu wie der in twadde weach fan organisaasje yn de Fryske Beweging. Krekt as by de politike partijfoarming, organisearre ek de Beweging him foar it meastepart fia de skiedslinen fan it leauwen.

Yn 1998 waard yn Amsterdam de earste Fryske studinteferiening oprjochte: Natio Frisica. De somtiden wat anty-tsjerklike hâlding yn de gelederen fan it Ald Selskip liede yn 1908 ta it oprjochtsjen fan it Kristlik Frysk Selskip en krap 10 jier letter yn 1917 folge it Roomsk Frysk Boun mei as foaroanman Titus Brandsma.

Douwe Kalma wie ien fan de mannen dy't yn 1915 oan de widze stie fan de Jongfryske Mienskip.

De selskippen om utens ferienen har op 15 septimber 1923 yn it Frysk Boun om Utens. Yn Grins waard 2 jier letter de studinteferiening FFJ Bernlef oprjochte.

[bewurkje seksje] Douwe Kalma syn Jongfryske Mienskip: "Fryslân en de wrâld"

'Frysk-nasjonalen:' Folk en lân

[bewurkje seksje] De krisisjierren

Kiestra Fryske Folkspartij (FFP) strideraasje mei Kalma

[bewurkje seksje] Oprjochting Fryske Akademy en de Folkshegeskoalle

  • 1938 Fryske Akademy troch it provinsjaal bestjoer, rol fan Wumkes en Titus Brandsma
  • 1939 Fryske Folkshegeskoalle

[bewurkje seksje] De Fryske beweging ûnder de Dútsers

Tydlike opheffing selskippen; Douwe Hermans Kiestra, Warnsbetinking

[bewurkje seksje] Kneppelfreed, in trochbraak

Nei Kneppelfreed: 1e regeljouwing; ûnderwiis;

[bewurkje seksje] Frysk yn de 'moderne' media

RONO; Omrop Fryslân

[bewurkje seksje] De Federalisten

Feriening foar in Federaal Europa; de F.N.P., J.H. Scheps

[bewurkje seksje] Ynstitúsjonalisearring fan de beweging

Teloargong Frysk & Frij; Frsk;

[bewurkje seksje] De frijbûtsers, aksjes en aksjegroepen

Yn de rin fan'e jierren binne der út en troch Friezen dy't fine dat it allegearre wat te stadich en te hoeden giet mei it stribjen nei in fêster plak foar it Frysk en komme, mear as minder organisearre yn aksje. Sawol yn de sântiger as begjin njoggentiger jierren docht de anonyme aksjerûnte Fryslân Frij fan him sprekken, meast troch it útjaan fan parseberjochten dy't de radikale kant it neist binne. In oare groep wie Warns 2000, dy't oan de ein fan tachtiger jierren aktyf wie. By Warns 2000 bleau it net by parseberjochten. Dizze groep rjochte him benammen op ynstânsjes lykas de PTT en de NS dy't yn har eagen opstruksje pleegden oangeande it Frysk taalbelied. Letter kaam de geregeld demonstrearjende FRA foar it ljocht mei as foaroanmannen sjoernalist/histoarikus Kerst Huisman en FNP-er Jan A. van der Baan.

Yn de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel waarden de kommisjegearkomsten dêr't kediisd waard oer it ynfieren fan Fryske plaknammen, oerfallen troch bewegers.

[bewurkje seksje] Hoe't it lân derby leit

[bewurkje seksje] Literatuer

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Eksterne ferwizings

[bewurkje seksje] Noaten

  • 1) sitaat út: Skiednis fan de Fryske Biweging, side 61, Sj van der Schaaf (1977).
Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com