Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Blues - Wikipedy

Blues

Blues is in fokale en ynstrumintale muzykfoarm dy't ûntwikkele is út de Afrikaansk Amearikaanske work song's. Blues hat in grutte ynfloed hân op lettere populêre muzyk, sawol yn Amearika as dêr bûten. De ynfloed fan Blues is werom te finen yn jazz, rhythm and blues, rock and roll likegoed as yn de konvinsjonele popmuzyk en sels yn moderne klassike muzyk.

De betide plattelâns blues ûnstie oan'e ein fan 19e, begjin 20e ieuw yn de súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Der waarden ienfâldige ynstruminten brûkt, benammen de akoestyske gitaar, piano en de mûlharp. De lieten hiene in grut ferskaat oan struktuer en skema's, mar de 12-maats en 8-maats blues oerhearsken.

W.C. Handy wie ien fan de earste muzikanten mei in knappe muzykoplieding, dy't de bluesmeldijen yn in moderne styl oanbea oan bands en sjongers. Hy soe ferskate bluesstikken skriuwe wêrfan The Saint Louis Blues faaks de bekendste is.

Tekstueel wiene de earste blues nûmers tige simpel fan opbou: Ien sin dy't twa as trije kear werhelle wurde. Underwerpen wiene faaks de misêre fan it libben, mar wol meast mei in kwinkslach en de nedige (sels)spot.

Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
It may be sending you baby, but it's worrying the hell out of me.

Fan 1917 ôf begjinne ek jazzbands bluesstikken op te nimmen. De blues út de 20-er jierren soe it leitmotyf foar de Amearikaanske populêre muzyk wurde. Yn dy tiid waarden in soad opnames makke troch sjongers as Blind Lemon Jefferson, Blind Blake en Robert en Lonnie Johnson. Ek froulike bluesartysten wiene yn dy tiid tige populêr, under harren Mamie Smith, Gertrude "Ma" Rainey, Bessie Smith, en Victoria Spivey.

Yn de 40-er en 50-er jierren naam mei de urbanisaasje, ek it brûken elektroanysk fersterke muzykynstruminten ta. Benammen yn stêden as Chicago wie de blues populêr mei as bekende artysten Howling Wolf en Muddy Waters. De elektroanyske blues soe úteinlik rock and roll opleverje.

Yn de jierren 60 en 70 wiene it artysten as Eric Clapton, Janis Joplin en Jimi Hendrix dy't sterk beynfloede waarden troch sawol de betide as elektroanyske, Chicago blues.

De film The Blues Brothers makke yn de 80-er jierren dat blues ek by in grut, jong publyk bekend waard.

Yn Nederlân wie it de Drint Harry Muskee dy't mei syn band ûnder de namme Cuby&Blizzards yn it clubsirkwy oan it begjin fan de santiger jierren furoare makke. Ek yn de muzyk fan âld-Blizzard Herman Brood wiene de blueswoartels faak noch goed te hearren.

[bewurkje seksje] Eksterne ferwizings

Smokestack Lightin' Internet Bluesradio
It jier fan de Blues

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com