Agatha Christie
Agatha Mary Clarissa Christie, (15 septimber 1890 – 12 jannewaris 1976), wie in Ingelske detektive skriuwster. Sy skreau ek romans under de namme Mary Westmacott.
Agatha Christie is ien fan de meast wrâldferneamde detective skriuwster en fan har binne nei William Shakespeare de measte boeken ferkocht. Der binne mear as in miljard ingelske boeken fan har ferkocht en ek in miljard fan boeken dy't oerset binne yn sa'n 45 oare talen.
Har toanielstik The Mousetrap hâldt it rekôr fan it langst rinnende toanielstik yn London. It iepene yn it Ambassadors Theatre op 25 novimber 1952 en yn 2005 rint it noch nei mear as 20.000 foarstellings.
Christie publisearre mear as 80 boeken en toanielstikken. In protte fan dizze boeken giene oer fan har bekende speurders, Hercule Poirot of Miss Marple. De measte fan har boeken en koarte ferhalen binne ferfilme, guon hiel wat kearen (Murder on the Orient Express, Death on the Nile, 4.50 from Paddington). De BBC hat tillefyzje searjes en radio fersjes makke oer de measte fan de Poirot en Marple ferhalen.