Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Meidogger oerlis:Yn 'e Wâlden - Wikipedy

Meidogger oerlis:Yn 'e Wâlden

Ach, dat spyt my. Triem wie in moai wurd: Je seachen gewoan hoe't al dy gegevens underelkoar in rige foarmden, lykas by de boadskippen. En it bekt fansels ek folle better as bestân, en it lit romte foar de samling-fan-gegevens betsjutting fan bestân. Ik wit wol dat it gjin direkte oersetting fan it Ingelske wurd is, mar dat hoecht om mei ek net; as it mar brûkber is, en dat is it dúdlik al. Is der net in manier om mear minksen te freechjen of se "triem" hâlde wolle? Aliter 21.57, 24 mai 2004 (UTC)

Bêste Aliter,

Doe't ik fan 'e wike mei in soad teloarstelling skreau dat ik op myn list romte ynromje moast foar it wurd "bestân" en dêrfandinne mar net fierder oan it begryp "triem" lûke woe, hie ik nea tinke kinnen, dat it wurd "triem" foar in soad brûkers al sa eigen wurden wie.

ALLE Frysktalige kompjûterprojekten dêr't ik troch myn list by belutsen bin, hawwe oanjûn dat se fierder wolle mei de oersetting "file-triem". Soks rûn my fansels as lijwetter yn 'e earen.

Dêrom haw ik op 'e nij kontakt hân mei it Taalburo fan de Fryske Akademy en wy hawwe besluten om it wurd "bestân" wol in plakje op 'e list te jaan, mar dan njonken it wurd "TRIEM".

Ommers wat stean bliuwt is dat "triem" de streekrjochte oersetting út it Ingelsk wei is en "bestân" in lienwurd út it Nederlânsk wei, dat foar dizze bestsjutting ek nochris ferfryske wurde moast. Yn 'e Wâlden

Oef, dat wie in skrik. No, dat is dan dúdlik: "Triem" is in part fan de Fryske taal!

Kinne jo by Triem dizze kombinaasje fan "triem", "bestân" en "file" útskriuwe? De Wikipedy is gjin wurdboek, mar as der ien in oar Frysk wurd brûkt, moat it fansels al in part fan it artikel wêze, oars wurdt it net fûn. Aliter 21.03, 26 mai 2004 (UTC)


Tank foar it bywurkjen fan it artikel oer de Ried; ik bin dochs al faak wat hastich mei skriuwen, mar by saken as if feroarjen fan de persoan fan de tekst ferjit it gauris wat. Aliter 18.56, 31 mai 2004 (UTC)


Ik haw yn Frysk op kompjûters de koades yn in tabel delset. Tinke jo der om de tabulator net te brûken foar web-siden, dus ek net foar de Wikipedy. Foar in webside is elts romte-teken itselde. Mar ik woe sizze: no't it in tabel is wurdt dúdlik dat in pear kombinaasjes der net by binne. Hawwe jo dý kombinaasjes ek, of binne die der net. Aliter 13.28, 3 jun 2004 (UTC)


Jo skreaunen dat yn Template:All messages wer it wurd "bestân" stie, wylst de Wikipedy fierders "triem" brukt. Ja, en Nee. Wat no sichtber is by Template: is de oarspronklike taaltriem. Dêrachter soe de hjoeddeiske ferzje stean moatte, mar dit wol op it stuit net. Mar it standert-plak foar de berjochten is no Wiki:Allmessages wurden. Hjir stiet op it stuit allinnich de hjoeddeiske ferzje, mar oars soenen dêr de ferzje út de taaltriem en de ferzje dy't we no hawwe beide opnaam wêze moatte. (De ferzje yn de taaltriem is basearre op in Nederlânske taaltriem, en is hastich dien wylst ik noch gjin idee hie hoe't it allegear funktionearre. Net falterfrij.) Aliter 15.42, 8 jun 2004 (UTC)


Ik seach jo hawwe by http://www.fryskebeweging.nl in keppeling makke mei de Wikipedy. Prachtig, wer in freon fan de Wikipedy. En no mar ôfwachtsje of minsken mei skippen tagelyk hjirhinne komme. Passe jo ek Wikipedy:Freonen fan de Fryske Wikipedia oan, of moat ik dat dwaan? Aliter 15.33, 23 jun 2004 (UTC)


Ik haw de side '"Fryske" diakrityske tekens' wiske, om't part fan de programmatuer net oer de oanheltekens kin. (De ynhâld wie dochs al op 'Frysk foar kompjûters' set.) Soenen jo al sa'n side hawwe wolle, dan koenen jo in trochferwizing meitsje fan 'Fryske diakrytiske tekens', sûnder oanheltekens. Aliter 15.53, 6 jul 2004 (UTC)


By Taal hawwe jo ûnder oaren skreaun: "Guon kombuorden yn Fryslân binne noch wol dûbeltalich." Wêrom "noch"? Is der in ûntwikkeling nei twatalige kombuorden? As dat sa is koe dat der better by stean, tink. Aliter 21.19, 12 okt 2004 (UTC)


Jo binne in soad dwaande mei it ferfryskjen fan Ingelske termen, is it net? Wat soe, op HTML, in goed wurd foar "tag" wêze? No hawwe wy "elemint", mar "element" wurdt yn it Ingelsk brûkt foar de "tags" plus de ynhâld, dat witte jo faaks in oar wurd foar "tag"? Aliter 21.19, 12 okt 2004 (UTC)

[bewurkje seksje] Oerlis:Triem

Ik haw it oerlis tebekset om't it fierder gjin ekstra romte ynnimt (der komt gjin romte frij at it fuorthelle wurd) en it kin altiten nijsgjirrich wêze wat der oer in side yn it ferline oerlein is.
Boppedat fyn ik de side Triem no net echt in goede ensyklopedyske side. Hjir stiet hast neat oer wat in triem/bestân/file no is, it grutste part giet oer werôm at jo by Triem kaam útkaam binne. Is neat ferkeards oan mar net echt de bedoelding fan de wikipedy. De oerlis side jout dan wat ekstra ynformaasje, liket my sa ta. Theun 19.33, jan 25, 2006 (UTC)

Bêste Theun, jo boppesteande riddenaasje kloppet. Ik haw de side op oantrún, fan Aliter as ferdúdliking skreaun. Soks like ús doe needsaak. Yn myn beskriuwing fan no en earder bin ik der fanút gien dat de ynternetter bekend is mei it begryp "file". Ik sil besykje yn de takomst it begryp "file" nochris "ensyklopedysk" te beskriuwen. Yn 'e Wâlden 14.26, jan 26, 2006 (UTC)

[bewurkje seksje] Help frege by sinbou

Op Frysk op kompjûters hawwe jo de tekst "In Windows-tapassing mei triemmen foar ienstimmige muzyknotaasje en mearstimmige muzykwerjefte." skreaun. Ik wol dit graach yn in sin opnimme, mar ik wit net wat it wêze moat. Kinne jo der ris nei sjen. Aliter 21.22, mai 10, 2006 (UTC)

Tank. Aliter 02.48, mai 16, 2006 (CEST)

[bewurkje seksje] Triem

It grappige is dat ik krekt it stik dat der stie earder op de oerlis side sette soe, of op in side Wikipedy:Triem of Wikipedy:Wurdkar. Ik gong immers net oer it begryp Triem, mar oer de Wikipedy, dy't arguminten hie om it wurd triem te brûken. Dat wat wy der no tegearre fan makke hawwe, mei in stikje oer it begryp en in stik oer it wurd, liket my better. No soe der noch ris wat mear oer it begryp byskreaun wurde moatte. Faaks hat in oare skriuwe dêr niget oan. Mysha

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com