Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Rely Jorritsma - Wikipedy

Rely Jorritsma

Rely Jorritsma, folút Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma, (11 febrewaris 1905, Jellum - 1 oktober 1952, Ressen) wie in Fryske dichter/skriuwer. Njonken syn literêre wurk is hy bekend fan de troch him by testamint yn it libben roppen Rely Jorritsmapriis.

Rely Jorritsma waard op 11 febrewaris 1905 berne te Jellum as soan fan de rike Hotze Jorritsma en Emilie Rappard. Op de legere skoalle bliuw er in kear sitten (en krige doe fan syn heit in ezel, dêr't dy him in hynder foarsein hie as er oergong). Undanks dat rûn er de h.b.s. flot troch. Yn 1924 stie er ynskreaun as studint fan de Katolike Universiteit fan Nijmegen, neidat er frijlotte wie foar de militêre tsjinst. Fan 1926 oant 1927 wie hy te finen yn Arnhim dêr't er in literêre leargong folge. Nei't er yn 1929 en 1930 by it Utrechtsch Dagblad wurke hie as aspirant-sjoernalist en noch in skoftke yn Uter as frijwilliger yn in boekwinkel wurke hie sette hy yn maaie 1931 wer op Nijmegen oan.

Hy kearde de literatuer foarearst de rêch ta en lei him ta op it tekenjen en skilderjen. Oant 1934 folge er de Middelbere Tekenskoalle 'Kunstoefening' yn Arnhim. Hy helle dêr de l.û-akte tekenjen. Omt er yn 1934 sakke foar it talittinseksamen fan de keunstakademy yn Amsterdam, gie Rely nei de akademy yn Antwerpen. Hy keas al rillegau foar in partikuliere oplieding. Syn learmaster waard de Antwerpske keunstskilder Albert Thijs. Yn 1935 sette Jorritsma wer op hûs oan.

Werom yn Nijmegen by syn heit, syn mem wie yn 1934 ferstoarn, hie Rely in soad kontakt mei in groep jonge keunstners. Mei harren eksposearre er yn 1935 en se joegen ûnder de namme Zwarte Kraaien, in literêr tydskrift út. Ferzen út syn Arnhimske stúdzjetiid waarden opnommen yn it blêd Jonge Kunst. Hy publisearre fierder ûnder oaren yn de Ljouwerter Krante, Sljucht en Rjucht, It Heitelân en De Holder.

Rely Jorritsma hat fierder nei de oarloch fan him jilde litten mei syn histoaryske rubryk Tussen Maas en Rijn yn de Nijmeegse Courant.

Om't er foar syn kwaal, m.s. fersoarge wurde moast, kaam er yn de hjerst fan 1950 telâne yn 'Klein Jagtlust' yn It Oranjewâld. Yn de neisimmer fan 1952 ferfarre Rely Jorritsma nei Ressen, dêr't er op 1 oktober 1952 te ferstjerren kaam.

[bewurkje seksje] Syn wurk

Op 24 april 1926 ferskynde it earste Fryske fers fan Rely yn Slucht en Rjucht. Hy hie it al in jiermennich earder makke en opstjoerd. Op inisjatyf fan Reinder Brolsma waard it fers dochs pleatst en sadwaande waard Brolsma troch Rely as syn 'ûntdekker' sjoen.

Der binne fan de hân fan Rely Jorritsma njonken in tal praoza-stikken sa'n 170 Fryske fersen ferskynd yn ferskate tydskriften. Yn bondelfoarm binne syn Fryske ferzen nea útjûn. Ut de oantekens dy't Rely neilitten hat blykt wol dat er soks fan doel west hat, mar it is der nea fan kommen. Allinne de Hollânstalige bondel Idille in het Nederrijk is yn boekfoarm ferskynd.

Oare talen
Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com