Pinguins
De Pinguins (Spheniscidae) is de ienigste famylje fan fûgels yn it skaai fan de Pinguineftigen.
De Pinguins binne fûgels dy't net fleane kinne. Ynstee binne se oanpast oan it libben yn it wetter, en binne it bêste swimmers en dûkers.
De ferskate soarten fan de famylje komme op ferskillende breedten fan it súdlik healrûn foar, fan it súdpoalgebiet oant en mei de evener. De Galapagospinguin, dy't libbet op de Galapagoseilannen, is de ienige soarte dy't in lyts part fan syn libbensgebiet op it noardlik healrûn hat.
[bewurkje seksje] Klassifikaasje
- Famylje Pinguins (Spheniscidae)
- Skaai: Grutte pinguins (Aptenodytes)
- Soarte:Keningspinguin (Aptenodytes patagonicus)
- Soarte:Keizerspinguin (Aptenodytes forsteri)
- Skaai: Boarstelsturtpinguins (Pygoscelis)
- Soarte:Ezelspinguin (Pygoscelis papua)
- Soarte:Adelie-pinguin (Pygoscelis adeliae)
- Soarte:Ringpinguin (Pygoscelis antarctica)
- Geslacht: Túfpinguins (Eudyptes)
- Soarte:Fjordland Túfpinguin (Eudyptes pachyrhynchus)
- Soarte:Snares Túfpinguin (Eudyptes robustus)
- Soarte:Grutte Túfpinguin (Eudyptes sclateri)
- Soarte:Rotspinguin (Eudyptes chrysocome)
- Soarte:Schlegels pinguin (Eudyptes schlegeli)
- Soarte:Macaronipinguin (Eudyptes chrysolophus)
- Skaai: Gieleachpinguins (Megadyptes)
- Soarte:Gieleachpinguin (Megadyptes antipodes)
- Skaai: Dwerchpinguins (Eudyptula)
- Soarte:Dwerchpinguin (Eudyptula minor)
- Soarte:Wytwjukpinguin (Eudyptula albosignata)
- Skaai: Brilpinguins (Spheniscus)
- Soarte:Brilpinguin (Spheniscus demersus)
- Soarte:Humboldtpinguin (Spheniscus humboldti)
- Soarte:Magelhaenpinguin (Spheniscus magellanicus)
- Soarte:Galapagospinguin (Spheniscus mendiculus)
- Skaai: Grutte pinguins (Aptenodytes)