De Fûke
De Fûke is in boek fan Rink van der Velde út 1966 dat him ôfspilet yn de Twadde Wrâldoarloch.
[bewurkje seksje] Ynhâld
Krekt as yn hiel Nederlân dûke der ek Joaden ûnder yn Fryslân. Ek by ielfisker Jelle dy’t mei syn frou Gryt en soan Germ efterôf yn in húske oan de Tsjûkemar wennet. Op in nacht komt Germ net thús fan syn nachtlike tochten op’e mar De oare deis komt de plysje mei de Dútsers Jelle opheljen om him te ferhearren. De anargistyske Jelle siet al faker foar ferhoar, en is gjin maklik mantsje. Hy hâldt him stil as’t se him ûnderfreegje. Under it ferhoar rekket hy hieltyd fierder yn de 'fûke'. Letter docht him bliken dat Germ oppakt is by syn wurk foar it ferset. As Jelle dat trochkrijt slaan by him de stoppen troch en dat is it begjin fan de ein.
[bewurkje seksje] De film
De Fûke is de twadde Fryske (lowbudget) spylfilm fan Steven de Jong. De film kaam yn 2000 yn de bioskopen. Rink van der Velde skreaun it senario tegearre mei Steven de Jong. De muzyk is fan De Kast.
Yn de film spylje:
- Rinse Westra - Jelle
- Syb van der Ploeg - JP
- Steven de Jong – Germ
- Peter Tuinman - Detective
- Hidde Maas -Mayor
- Hilbert Dykstra - adjudant
- Joop Wittermans – keapman
- Cynthia Abma – Mirjam
- Jan Arendsz – de maat
[bewurkje seksje] en fierder
- Yn 2001 waard de film yn trije dielen op televyzje fertoand.
- 'De Fuik' waard útjûn yn de Zilverschoonrige.